Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: overlijden waarschuwen Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern. 't Is nou sa'n fyftich jier lyn. Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme. Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
Antsje Huizinga fan Burgum wie in bikende froedfrou. Dy hellen se faek yn 'e nacht op, as der in lytsen op komst wie. Dan sei se wolris, as de lju midden op 'e wei wienen: "Ho, dêr net lâns, hjir mat in lykstaesje passeare."
nl.verhalenbank.24947
By jountiid mat men noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin men oan kant stompt wurde. Yn 'e Wylgen is sa ris ien fan 'e wei smiten woarn. Letter kaem dêr dan in bigraffenis lâns.
nl.verhalenbank.29642
Der waerd de minsken froeger altyd foarhâlden: Rin noait midden op 'e wei by nacht. Alde Hindrik de Vegt wenne by de Oerterper feart. Hy gong yn 'e nacht de Modderwyk lâns. Doe passearde dêr in lykstaesje. Hy woarde samar yn 'e brede wyk smiten.
nl.verhalenbank.24944
Der waerd ús froeger altyd foarhâlden: rin noait midden op 'e strjitte, hwant dan kin 't gebeure dat jim tsjin in lykstaesje oanrinne en oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.24810
35