Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: overlijden horen Place of Narration: Drachten
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet." It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Ik ha wolris fortellen heard, dat guon in stem út it wetter fornommen. De tijd is verstreken, de man is er niet. - Even letter fordronk dêr ien. Mar hwer't dat gebeurde, wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.24593
Op 'e Leijen mat it gebeurd wêze dat, as in skipper dêr oer farde, dan hearde er altyd op itselde plak itselde lûd. Dan woarde der roppen: "It plak is der al, mar de man is der net!" Doe hie der op in kear in doomny mei op 't skip west. Sy wienen noch mar krekt oan it plak ta of sy hearden wer itselde lûd. Fuort dêrnei tûmele de doomny oer board en fordronk.
nl.verhalenbank.25473
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er. Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
Myn skoanheit wenne op Oerterperfallaet. Hy hearde us in kear in lûd dat út 'e feart wei kom. Hy gong der hinne, mar der wie neat to sjen. In skoft letter is dêr ien fordronken. Dat lûd hat de foarboade west.
nl.verhalenbank.19855
Myn heit siet op in snein foar 't glês. Hy seach nei bûten. "Fanke," sei er tsjin mem, "hwat in eksters, en hwat skatterje dy!" Mem waerd deabinaud doe't er dat sei. Trije wiken letter rekke myn heit dea.
nl.verhalenbank.24669
35