Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: overlijden gooien Place of Narration: Drachten
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Yn 'e buert fan Aldegea hat in bakker wenne. Dy moest wit hoe faek in nije feint ha, hwant alle feinten gongen by him dea. Op in kear, doe hied er wer in nije feint krige. Dy wie op in joun yn 't bakhûs. Doe wienen der samar fjouwer katten by him kom. De bakkersfeint wie net bang. De katten seinen tsjin elkoar: "Sille wy him mar wippe yn 'e suortsjettel?"...
nl.verhalenbank.24870
Der wie in feint, dat wie in spotter en in rarenien. Hy siet op in joun yn selskip mei oaren. Syn suster wie der ek by. "Wy sitte hjir op in droochje", sei er. Wy matte mar in flesfol ha. Ik lit even ien bringe." Doe die er in briefke oan in lege flesse en sette dy om 't hoekje fan 'e doar. Even letter gong de doar iepen en dêr kaem de folle flesse...
nl.verhalenbank.19845
35