Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: ouders Place of Narration: Drachten
Myn âldelju wienen us to jounpraten. Sy soenen wer fuort om goed tolve ûre. Mar doe seinen dy lju: "Jimme komme tusken tolven en ienen net fuort, dat is gefaerlik: dan is alles warber." Doe binne se dêr bleaun oan ien ûre ta.
Doe't wy us in kear yn Earnewâld leinen, rekke ik as lyts jonkje siik. Doe founen se trije krânsen yn 't kessen, dêr't ik op lei. De trêdde krâns wie noch net fol tsjoend, oars hie ik dea west. Mem hat de krânsen dea sean yn in koperen goatling. Dan gong de tsjoenster ek dea of sy krige in freeslike pine.
nl.verhalenbank.29302
Yn 'e Houtigehage wennen minsken dy hienen in jonkje. Dat rekke siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta, hwant der siet alhiel gjin groede yn 't bern. Dy sei: "It bern is bitsjoend." Sy ha op syn oanwizing it kessen leechhelle. Dêr siet in krâns yn. Doe ha se alles yn 'e hûs goed tichtmakke. Alle iepeningen. 't Kaeisgat en 'e skoarstien en alles. En doe...
Ik kom us in kear út tsjerke wei. Ik moest de bosk foarby. Doe hearde ik dat dêr ien kjirme. Ik tocht: O heden, dat is grif in oanranding. Ik gong dêrhinne, dêr't it lûd wei kom en ik hie myn mes al út 'e bûse. Doe kom ik by in bank, dêr siet in âld-minske op. Ik sei: "Goeije dag, mefrou." "Ik bin gjin mefrou," sei se, "ik bin in juffrou." "Sil ik de...
nl.verhalenbank.26936
Ruerd Wartena fan Warten wie duvelbander. Hy wenne op 'e plaets, dêr't earder Hedzer Castelein wenne hat. Dêr kommen in soad minsken, as der in bern bitsjoend wie. Ek wol foar oare kwalen.
Op 'e ein fan 'e Houtigehage wenne Gjerte Jeltsje. Dat wie in tsjoenster. Ritske en Aeltsje hienen in bern, dat wie bitsjoend. Op in moarn gong Gjerte Jeltsje dêr hinne. Mar Ritske hie duveldrek ûnder 'e drompel dien, dat doe koe Gjerte Jeltsje der net yn komme. Hja hie hyltyd mar raesd dat se der yn woe, mar sy koe net in foet oer de drompel sette. Op 't...
nl.verhalenbank.24684
Myn frou wie us by har âlden. Hja hie hwat spul hawn mei my. Dêr wie se al fjirtsjin dagen. Doe kom Tryn Snipel dêr us in kear. Doe't se wer fuortgong sei se tsjin myn frou: "Lieve, wolst net in eintsje mei?" Underweis seach myn frou tafallich, sûnder erch oer Tryn har linker skouder hinne. Doe't myn frou de jouns op bêd lei, hearde se in freeslik...
nl.verhalenbank.23102
Ik gong froeger jouns faek fuort, dan wie myn frou allinne thús mei de bern. Wy wennen dan yn in houten keet en hienen it tige earmoedich. Wy woenen graech út 'e keet wei. Op in kear gong se de jouns op bêd. Doe hearde se in stem ta har praten. It wie ús leaven Hear. Dy sei: "Heb nog maar twee jaar geduld. Dan komt u er onder uit." En sa wie 't ek. Nei...
nl.verhalenbank.23011
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
0