Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: opzij wagen
Thomas en Clare rieden mei de hounekarre. Doe passearde der in lykstaesje, dy't se net seagen. Sy woarden mei karre en al yn 'e berm set. Doe't de lykstaesje foarby wie koenen se wer fierder.
nl.verhalenbank.27580
Twa man fan 'e Boelensloane hienen mei de karre mei hinnen nei Ljouwert ta west. Dy hinnen hienen se op 'e merk to jilde makke - 't wie op in freed - en se hienen der wer smoar foar kocht. Dat kochten se op 'e merk. De oare deis - saterdei - soenen se it togearre útsutelje. Doe't de beiden ûnderweis wienen fornommen se dat der hwat oan komme moest, hwant...
nl.verhalenbank.29383
Oal Sch. hier niet ver vandaan is n keer teegn n waagn oploopn in de nacht. Ie wur oppakt en opzied gooid aan de kante van de weg. Ie dacht al, nou mut er n liekwaagn langs komen binnen körte tied en dat is dan ook zo uut komen. Op dezulfde plekke reed ook es n keer iene met kruwaagn en die waagn kon ie toch op n moment haast niet veuruut schoevn, van de...
nl.verhalenbank.44965
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
nl.verhalenbank.33810
Wie luipen ook es n moal mit oons beidend op boetn en dou zee ootje: “Wacht eevn kind, goa es biezied, door gèèt n woagn langs mit n kiste dr op.” Een dag dr op was dr n staarfgeval bie de buurn.
nl.verhalenbank.43922
Trije jonges kuijeren sahwat omtrint Beneden-Haulerwyk. Ien fan 'e trije is troud. Ien fan dy jonges sprong samar ynienen oerside. "Hwerom dochstû dat?" fregen de oaren. "Der komt in swarte wein oan mei twa hynders der foar", sei de jonge. De oaren seagen it net.
nl.verhalenbank.20710
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Yn Grinslân hienen jy spûkskuorren. Dêr koenen jy nachts net wêze. Jy waerden fan 't plak smiten. De weinen rieden dêr samar út harsels oer 'e telle by nacht. De tsjerne bigoun út har sels.
nl.verhalenbank.37665
Wibe-fisker fan Sumar moest der nachts faek ôf. Dan woarde der by him op 'e ruten kloppe. Dan wist hy wol hoe let it wie. Dan moest er wer in lykstaesje sjen. Soms roan er hiele einen. Op in kear hied er mei noch ien nei Garyp ta west nei in forkeaping. Sy rieden togearre yn in wein en hienen tofolle drank hawn. Underweis sei Wibe: oan kant, der komt in...
nl.verhalenbank.23605
Knjillis Veenstra wenne yn Sweagerbosk. Wy seinen altyd Bontsje Keke, ek wol âlde Keke. Heit en dy wienen us op in nacht om twa ûre byelkoar bûtendoar. Mei in stik of hwat oaren soenen se nei Grinslân ta nei de bou. Keke wie der ek by. Doe sei Keke ynienen: "Gean achter my. Toe, fan 'e wei ôf, hwant der komt hwat oan." Heit en dy seinen: "Der is ommers...
nl.verhalenbank.20447
Wy wennen op 'e ein fan 'e Krúswei en hienen froeger in molkrit. Wy moesten de bussen nei dikke Marten bringe, dat wie de fierste. Mar dan moesten wy by Freark lâns. Dêr gongen wy fan 'e wein. Dat gebeurde op in kear, doe woarde it hynder kjel. It sprong oan kant. Wy woarden kjel, mar Freark bleau bidaerd. Hy sei: "Dat ha 'k wol faker bileefd. Salang as...
nl.verhalenbank.23953
Der roannen us twa man by nacht fan Drachten ôf de Hegebrechster loane del. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Even oan kant. Der komt in lykstaesje oan." Doe seach er in lykwein mei in wyt hynder der foar. Doe't de lykstaesje foarby wie sei er tsjin 'e oare: "Nou gean wy mar wer fierder." In wike letter doe kom der in man fan 'e Dammen (ûnder Drachtster...
nl.verhalenbank.24596
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre. Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
It is sahwat sechstich jier lyn, doe wenne hjir in skuonmakker. Deis wied er altyd oan 't skuonmeitsjen en jouns brocht er de skuon bylâns op 'e karre. Syn dochter Jeltsje gong dan faek mei. "Op in joun," fortelde Jeltsje, "rieden wy op it rjochte ein tusken Boelensloane en Blauhûs. Doe woenen de hounen ynienen net in stap fierder gean. Heit sei: - Kom...
nl.verhalenbank.32418
In de Sterenbörg luip vrouger n klein wiefkng mit nhoudng op over n diekje. Menskng wuzzen dat wal en wazzen dr benauwd veur, tot dr n onverschillige vent was dai zee: “Ik woag mie dr aan; ik wil dat old mens t houdng van de kop ofgriepn.” Op n oavend zol t weezn. Hai noar de diek en zien kammeroaden dr zachies achteraan. Um te kiekn hou of dat ofluip. t...
nl.verhalenbank.45053
35