Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: optillen Place of Narration: Drachten
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der gong ien nei him ta, dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe sei Hearke: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Doe tilde er de ploech op en stuts him rjochtút as in gongelstok.
nl.verhalenbank.37022
Duvels sweefden oeral om. Yn Zevenhuizen is 't gebeurd, dat in timmerman mei in bak mei spikers ûnder 'e earm samar ynienen optild waerd en oer de feart smiten.
nl.verhalenbank.31651
Wiger Visser wie in broer fan heit. Hy wenne op 'e Noarder Dwarsfeart. Der wienen guon dy soenen beammen op 'e wein lade. 't Wienen dikke, swiere beammen. Mar sy koenen it net oprêdde. Doe kaem omke Wiger der by. "Gean mar wei", sei er. Hy sloech de earm om in beam hinne en hy hie him samar op 'e wein. Dat die er mei de oaren ek. Se neamden him altyd...
nl.verhalenbank.37023
Sterke Hearke wie us in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen der twa man by him. "Hwer wennet sterke Hearke?" fregen se. Doe tilde Hearke de ploege op. "Dêr wennet er", sei er en hy wiisde 't mei de ploege oan. Dy hied er yn ien hân. "En hjir stiet er", sei er en hy sloech him mei de oare hân op it boarst. Hearke wie allemachtige sterk. Syn jonges...
nl.verhalenbank.25155
Jan de Ruis wie allemachtige sterk. 't Wie in reus fan gestalte. Hy krige yn Haren samar in spoarrail fan seishûndert poun yn 'e earm.
nl.verhalenbank.25154
Sterke Hearke wie mei hynder en ploech op it lân. Doe kom der ien by him dy frege nei de wei. "Dan matte jo dy kant út", sei Hearke, en wylst tilde hy de ploech op en wiisde dêr mei de rjochting oan.
nl.verhalenbank.36918
Sterke Hearke wenne yn Kimswerd. Hy wie fan birop jilddrager. Froeger hienen se gjin papierjild, mar allegearre sulverjild. As jy in soad byelkoar hienen woech dat der nochal hwat yn. Mar Hearke wie in sterke keardel. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy't frege: Hwer wennet Sterke Hearke? Hearke krige de ploech yn 'e hân en...
nl.verhalenbank.36649
Op in kear wie Sterke Hearke oan it ploeijen. Doe kom der in man by him, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en tilde him by de sturt omheech. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36701
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem op in kear by de Drachtster slûs. Dêr lei in heiblok, dat wie 600 poun swier. Dat heiblok tilde Ynse om 'e slûs hinne en lei it doe op 't selde plak wer del.
nl.verhalenbank.37147
Dikke Feike (Wouda) fan Surhústerfean wie o sa sterk. Hy hie in fearskip. Twa sekken fan elk 100 poun naem er samar beet mei de mûle en brocht se by de planke op nei 't skip. Feike hie allinne mar kiezzen. Alle tosken wienen by him kiezzen.
nl.verhalenbank.32312
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen op 't lân. Der kommen twa hearen by him. "Och mynhear," sei de iene, wit jo ek hwer't sterke Hearke wennet? Wy ha in protte fan him heard." Doe heakke hy 't hynder út, pakte mei ien hân de ploege op en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er. En hjir slach ik jim mei." En doe sloech er mei de ploege op...
nl.verhalenbank.22881
Oan 'e Spoekloane by de Dwarsfeart doogde it net. Soms gebeurde it, dat de hounekarre in hiel ein optild waerd en troch de loft gyng.
nl.verhalenbank.11536
Greate Pier wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Greate Pier?" Doe krige Pier de ploech mei de hân beet. Hy tilde him op en wiisde nei de pleats. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36957
Greate Pier wie ôfgryslike sterk. Op in kear wie er op 't lân oan 't ploeijen, doe kamen der guon by him. Dy fregen: "Hwer wennet greate Pier?" Doe stuts Pier de ploege rjocht foar him út en sei: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29651
Greate Pier hat boer west. Hy wie ris oan 't wurk op 'e bou, hy roun achter de ploech. Doe kommen der guon, dy woenen wol fan him witte hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net. Doe tilde Pier de ploege op en wiisde mei dy ploege it hûs oan dêr't er yn wenne. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37133
Der wie in man dy wie tige sterk. Dy hie us fan Sterke Hearke heard. Hy woe wol us wite hwa't sterker wêze soe, hy of Hearke. Hy ynformearde hwer't Hearke wenne en doe sette hy de stap dêrhinne. Doe wie dêr in man op it lân oan 't wurk. Hy hie in hynder foar de ploege rinnen. It wie Sterke Hearke, mar dat wist dy man net. "Kenne jo ek sizze hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.25697
Sterke Ynse skreau him Terpstra. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Doe kommen der buorlju by him, dy seinen, sy woenen graech syn ploege even ha. Ynse makke earst de fuorge dien, doe tilde er de ploege op en stuts har dy ta. "Krij him mar oan", sei er. Mar sy wachten sa lang oant er him delset hie.
nl.verhalenbank.25456
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen, doe kom der in man by him. Dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke die 't hynder foar de ploech wei. Doe tilde er de ploech op en stuts dy foar him út. "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37131
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Der wie ris ien dy hie swiere wurden brûkt. Hy wie in ûnderhânse timmerman, in wreed man dy't mei syn bakje mei ridskip in smel paedtsje lâns gong, tusken Rottefalle en Houtigehage. Doe kom der hwat njonken him. Dy prebearre him fan 't paedtsje ôf to krijen. Doe sei dy man: "Hwa sil 't winne, ik of dû?" Hy hie 't noch mar krekt sein of hy woarde optild en...
nl.verhalenbank.24587
35