Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: ophangen Place of Narration: Drachten
Der wie us in man, dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy moest noadich jild brûke, dat hy tocht, der mat mar in slim set fan wêze. Hja praetten ôf, hy soe in koer ophingje oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre en dan soe de duvel dy fol ryksdaelders smite. Mar dy man gong hinne en sloech earst de boazem der ûnder wei en doe hong er de koer op. Doe de duvel mar...
nl.verhalenbank.25145
Klaes Bosma wenne to Nijtap njonken dikke Bôkke (v.d. Burg) op 'e plaets fan Hedzer Brandsma. Hy forlear dêr syn frou. Hy biloofde har fan tofoaren, hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude mei in sekere Aeltsje. Doe't se fan 't gemeentehûs werom kommen, siet syn earste frou ek yn 'e wein. Hja kom letter hyltyd wer by him....
nl.verhalenbank.24942
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Thyl Ulespegel helle altyd rare streken út. Op 't lêst makke er it sa bûnt, dat hy moest ta straf opknope wurde. Thyl forsette him net tsjin dat fonnis, mar hy woe dan graech syn eigen beam útsykje, dêr't er oan hingje moest. Dat woarde him tastien. Mar doe't it oan 't hingjen ta wie, koed er noait in beam fine dy't er goedkarde. Dat doe gong it hingjen...
nl.verhalenbank.27926
By de Houtigehaechster wyk (= Skoallewyk) wenne âlde Karst. Dêr hat in jongfaem har al ris ophong. Yn 'e skuorre. Sûnt dy tiid spûke it dêr. Wy doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.24685
Frijmetselders wienen kûgelfrij. Meine Wykstra sei ris: As ik troch Amsterdam of troch Ljouwert kom, sil ik jo de huzen oanwize dêr't frijmetselders wenje. Hwant dy huzen binne noait ôfmakke. Dêr mat altyd noch it iene of oare oan dien wurde. Dy frijmetselers ha allegear in lyts kistje mei allerhande soarte fan ark der yn. Sadré't der ien overleden is,...
nl.verhalenbank.36938
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr. Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën. De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman. Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
35