Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
25 datasets found
Dutch Keywords: ophangen geld
Dy't jild fan 'e duvel ha wol moat mei in swarte kat yn 'e sek yn 'e nacht trije kear om 't tsjerkhôf rinne. Dan stiet dêr ien, dy mat er de kat jaen. Thús mat er in swarte sok oan 'e line hingje jouns, dan is dy de oare moarns fol jild. In grize sok jowt neat. Mar nei 14 dagen is sa'n ien dea.
nl.verhalenbank.31056
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja hawwe altyd jild. Der wie in man, dy wie ek frijmetseler. Dy moest jild brûke. Doe hong er in koer oan 'e hoannebalke, dy soe de duvel folsmite. Mar dy man hie sa goochum west, dy hie earst de boaijem ûnder 'e koer weislein. Doe bigoun de duvel to smiten. Der kaem in hiele bult jild oer de skuorre to lizzen en de koer...
nl.verhalenbank.30406
Piter hie in wiif, dat wie in tsjoenster. Nachts wie se der op út, dan lei de pânse allinne op bêd. Piter sels hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, dan hong er in lege jildponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. Dat die er jouns. De oare moarns siet der jild yn.
nl.verhalenbank.25431
Frijmitselers binne lju, dy ha har oan 'e duvel forkocht. Is it jild op, dan hingje se in ponge op en de duvel soarget der foar dat dy wer fol rekket. Ienkear hat sa'n frijmitseler de duvel to fiter hawn. Doe hong er net in ponge op, mar in lears. En dêr hied er de soale ûnder wei snien. Doe't de duvel dêr dy nachts jild yn die, rekke dy lears noait fol,...
nl.verhalenbank.29815
Frijmitselers binne minsken, dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Dy't ienkear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. As se stjerre giet it raer. Se krije in freeslike dea. Wolle se by har folkje wei, dan draeit de duvel har de nekke om. Se ha altyd wol sinten. Reitsje se op, dan hingje se de lege ponge mar oan 'e kruk fan 'e doar jouns foar't se op bêd geane...
nl.verhalenbank.38538
Der wie us in man, dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy moest noadich jild brûke, dat hy tocht, der mat mar in slim set fan wêze. Hja praetten ôf, hy soe in koer ophingje oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre en dan soe de duvel dy fol ryksdaelders smite. Mar dy man gong hinne en sloech earst de boazem der ûnder wei en doe hong er de koer op. Doe de duvel mar...
nl.verhalenbank.25145
Der wie ien dy woe him oan 'e duvel forkeapje. Hy kom mei de duvel oerien, hy soe in lears boppe yn 'e skuorre hingje, en dy soe de duvel fol jild smite. As er fol wie, hie de duvel rjocht op syn siele. Mar de moan hie de soale der gau ûnderwei slein. Dat de duvel dy smiet mar troch. De lears rekke noait fol. Op it lêst krige de duvel syn nocht fan it...
nl.verhalenbank.20529
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja binne foar altyd oan 'e duvel forkocht. Dy krijt letter har siele, as se dea binne. Hja sitte altyd oan 'e duvel fêst. Ienkear frijmetseler, altyd frijmetseler. Hja krije in wikseldaelder fan 'e duvel. Is it sa dat se mear jild brûke matte, dan hingje se jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is dy...
nl.verhalenbank.29724
Piters Willemke wie in tsjoenster. As dy forlet hie fan jild, dan hong se jouns in lege ponge oan 'e doar en de oare deis siet dy fol jild.
nl.verhalenbank.30089
Frijmetselers binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e frijmetselders dea. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Dy't it lot treft, wurdt fan kant makke. Hja ha altyd wol jild. As it op is, hingje se foar de nacht in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is er fol jild. Dy't...
nl.verhalenbank.29682
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel. Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild. Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
Frijmitselers timmeren altyd oan 't hûs om. Sy makken it noait ôf. Hja hienen in forboun mei de duvel. Om 'e sawn jier moest der ien dea. Dy wie dan foar de duvel. Hja lotten der om hwa't dea moest. Fan jild hienen se noait forlet. Hja hongen de lege ponge jouns mar op, dan wie er de oare deis wer fol.
nl.verhalenbank.36589
Gais op 'e tsjille Om achttjinhûndert tachtich hinne tsjinne in boeresoan út Molkwar as bakkersfeint te Wâldsein. Sneontejûns let kaam er geandefoet thús. Op in kear wie er hielendal op ien ein. Hy hie de tiisdeis mei de baas nei Snits west en dêr in filesepee sjoen, sa'n ding mei ien grut en ien Iyts tsjil. Hy hie der ek op sitten. It wie in merakel, sei...
nl.verhalenbank.12991
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Het boze oog fynt men by de frijmetselers yn it gebou dêr't se yn by elkoar komme. Jehannes Meerstra wie ek in frijmetseler. Frijmetselers sitte meielkoar yn in klub. Se ha noait gebrek oan jild. Dat jild krije se fan 'e kweade. Se ha in forboun mei de duvel sluten. Dêr is in kontrakt fan en dat bliuwt altyd geldich. Se ûndertekenje it mei har eigen...
nl.verhalenbank.37894
Fan 'e frijmitselders ha 'k ek wol us heard, dat se nou en dan in lears ophingje, dêr't de soale út mist. Dy lears hingje se ergens by har yn 'e hûs op. De duvel smyt der jild yn. Mar sa'n lears rekket fansels noait fol. Sa ha se de duvel dan tofiter.
nl.verhalenbank.21348
In Ilpedam heb vroeger een meid ewoond: die was nergens bang voor. Ze diende in een herberg en dan plaagde ze her dikwijls, maar ze gaf er niet om. Nou wordt in zoo'n herberg natuurlijk van alles verhandeld, en zoo kwam op een goede avond het gesprek op die meid en dat ze zooveul courazie had. "Nou," zei er op lest ien, "ik wed dat ze vanavond om elf uur...
nl.verhalenbank.8855
Ik haw ris heard fan in man, dy hie forlet fan jild. Doe slute hy in oerienkomst mei de duvel. Hy soe syn hoed ophingje yn 'e doar, en dan soe de duvel him fol smite. Mar dy man hie it plaske út 'e hoed forwidere, dat doe smiet de duvel mar troch. De hoed rekke noait fol. Doe hâldde de duvel op it lêst op fan smiten. Doe wie 't kontrakt net mear jildich,...
nl.verhalenbank.25073
Ik wenne by 't spoar op in spultsje. Njonken my wennen minsken dy hienen in âld man by har yn 'e hûs. Dy âld man wie frijmitseler. As er mei ien fûstke stuts er mar twa fingers út. Frijmitselers matte har persé oan bipaelde rigels hâlde. Dogge se dat, dan ha se noait gebrek oan jild. Der waerd sein, dat de frijmitselers byelkoar kamen yn Ljouwert, yn 'e...
nl.verhalenbank.30141
35