Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: openen Place of Narration: Drachten
Alde Meint Pama wenne yn Feansterheide. Dêr siet jouns altyd in kat op it putdeksel by him bûtendoar. As se der by kommen gong dy kat dêr noait wei. Doe kom de soan der ris by en dy soe de kat der ôfjeije. Mar hy koe 't deksel der net ôfkrije. Dy kat, seinen se, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27026
Mem har âlden wennen yn 'e herberch Het witte paerd to Eastemar op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren. De murdehoeke, sa woarde dy herberch neamd, omdat ús heit, Japik Hoeksma syn bynamme wie Japik Murd. Op in joun, doe gong 't der bot oan wei yn 'e herberch. Mem wie doe noch in famke, hja siet by de tafel. It jongfolk wie sa roerich dat it wie net moai mear....
nl.verhalenbank.37153
To Hurdegaryp is in homeije, dy kinne se net ticht hâlde. Se ha dy hekke wol mei dikke kettings fêst makke, it joech neat. De oare moarns wie er wer iepen. Hy stiet noch altyd iepen. Dit komt, dêr mat in lykstaesje lâns. Der stie froeger in kastiel by: Bennemastate. In lykstaesje mei net stopje. Dêr mat alles foar út 'e wei. Dêrtroch giet dy homeije iepen.
nl.verhalenbank.35915
Der wie in minske yn 'e Boelensloane bot siik. Frânse Hinke kom der by. Sy sei: "Jimme matte it kessen losmeitsje. Dêr sit in krâns yn. As jimme dy opbrânne, knapt it minske op." Dy krâns, dat wie it wurk fan in tsjoenster. Hja ha de krâns opbrând en 't minske woarde wer better.
nl.verhalenbank.23504
35