Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: openen vermoorden
Yn Hurdegaryp stie in slot, dêr stie in hekke by. As dy hekke jouns op slot dien woarde, wie er de oare moarns altyd wer iepen. Se koenen dy hekke net op slot hâlde. Froeger mat dêr in kasteel stien ha en dêr is doe ien formoarde woarn. Dyselde hie dêr paed. Dêrtroch gongen dy hekken iepen.
nl.verhalenbank.28529
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Dy giet nachts altyd fansels wer iepen. Sy sizze, dêr is ris ien formoarde woarn en dyselde hat gjin rêst. Dy rint nachts troch dy hekke, dan giet dy foar him iepen.
nl.verhalenbank.28781
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Myn wiif hat wol yn Reahel útfanhûze. Dêr stie in plaets, dêr gongen yn 'e nacht altyd de doarren iepen. Jouns woarden se ticht dien, mar de oare moarns stienen se stéfêst iepen. It fé wie fan 'e stâl en stie yn 't heafek to fretten. Froeger hie dêr in herberch stien, dêr't guon formoarde woarn wienen. Dy spoeken dêr nou noch om. Se dienen jouns de...
nl.verhalenbank.17528
35