Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: open Place of Narration: Drachten
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
To Hurdegaryp stiet in slot, dêr hat Hindrik Smit froeger yn wenne. De poarte fan dat slot stie moarns altyd iepen, ek al dienen se him de jouns tofoaren ek nòch sa goed ticht.
nl.verhalenbank.25061
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr. Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
Oan diz' kant Hurdegaryp stiet in villa. By dy villa wie in homeije, dêr stienen de hekken altyd fan iepen. As se de hekken ticht dienen, dan gongen se fansels wer iepen. Sy woenen wol biweare, dat dêr ien bigroeven lei.
nl.verhalenbank.23626
Wy rieden froeger wol yn Grins troch de Poddepoel. Dêr wie in skuorre, dêr siet in gat yn. Sy seinen, dat gat koe noait ticht. 't Gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.25059
Op 'e klaei wennen in pear jongelju. Dy hienen yn 't hûs in keldersdoar sitten, dy't altyd fansels iepengong. 't Gebeurde us dat it jonge frommeske jierdei wie. De âlders fan wjerskanten wienen der útfanhûs. Se hienen de jounes hwat feest fierd. It jonge frommes rekke de nachts hwat út oarder. Sy gong fan 't bêd ôf. S_n mem slepte ûnder, hàr mem slepte...
nl.verhalenbank.32703
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman. Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
8