Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: open Place of Narration: Twijzelerheide
Yn Ulrum yn Grinslân is in tsjerkhôf, dêr gongen nachts de hekken altyd iepen. Yn 'e buert fan Ulrum wie in boereskuorre, dêr gongen de skuorredoarren nachts iepen. Se ha der wol twa skoattels op dien, mar de oare moarns wienen se wòl wer iepen.
nl.verhalenbank.10692
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.29482
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Op 'e Wytgeast dêr stie in hûs, dêr spûke it. Dêr fleagen de skuorredoarren nachts altyd samar iepen. As jonge stie 'k dêr ris mei in stik of hwat oare jonges fan sa'n fjirtsjin, sechstjin jier, mei de fytsen by ús. Wy stienen dêr foar de skuorredoarren, sûnder dat wy dêr erch yn hienen. Doe kommen der in pear manlju langs. Ien dêrfan, in âlde keardel,...
nl.verhalenbank.38642
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde. It hynder stie moarns soms los op 'e stâl. De doar...
nl.verhalenbank.21996
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
6