Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
28 datasets found
Dutch Keywords: open Place of Narration: Harkema
To Hurdegaryp oan 'e rykswei stie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, stie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.25787
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
nl.verhalenbank.16832
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
nl.verhalenbank.25800
Yn Hurdegaryp by Bennema-state wie froeger in hekke yn 'e homeije, dy gong altyd fansels wer iepen, as men him ticht dien hie. Ien hjir út 'e Harkema hat der ris in nacht by west. Sûnder dat er in persoan sjoen hat, wie de hekke, dy't sluten wie, doch wer iepen gong.
nl.verhalenbank.15530
Yn 'e tsjerke to Visvliet siet in doar, dy gong altyd wer iepen. Samar fansels. De koster hat it faek fornom.
nl.verhalenbank.17527
Myn wiif Sjouk hat in healjier tsjinne by Julle van der Henne, dy wie boer op Reahel. Dat wie in nuver plak, dêr doogde it lang net. As jouns de doarren skoattele woarden, stienen se moarns wer iepen. Se dienen de krukken der jouns allegear út, mar it joech neat. Altyd wienen de doarren moarns iepen. Moarns sieten de katten by 't spek to fretten as se der...
nl.verhalenbank.20957
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht. Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen. Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
nl.verhalenbank.28607
Wy mochten thús noait in boek iepen lizze litte foardat wy op bêd gongen, hwant oars woarde der yn 'e nacht yn lêzen troch forkeard folk.
nl.verhalenbank.22274
Albert Alma, de heit fan dikke Fokke en Taeke en Wibe, wie in maet fan 'e duvel. Dat wist elkenien wol. Op in nacht kom er dronken thús. De doar stie foar him iepen. Dat hie de duvel dien. Der stie in miel iten foar him op 'e tafel. Hy wie bot ûnrêstich en seach hyltyd mar bang om him hinne. Doe wied er nei 't achterhûs ta gong. Dêr hied er syn keal...
nl.verhalenbank.19346
Us hûs stie op 'e rûmte froeger. Der wennen gjin minsken njonken ús. Op in snein-to-joun hie ik nei de froulju ta west. Ik kaem de moarns om in ûre of trije, fjouwer thús. 't Wie yn 'e winter. Ik tochte: "Och heden, soenen ús heit en dy der nou al ôf wêze?" Hwant sa gong it dêr op in timmerjen. Ik sei dy deis: "Hjir komt in nij hûs." Doe sei heit:...
nl.verhalenbank.17551
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
nl.verhalenbank.34582
To Hurdegaryp stiet in villa, in wite villa, dêr't in dokter yn wenne hat. Dêr is in hekke by dy villa, dy giet altyd fansels iepen. Reade Haite syn folk ha yn dy villa wenne.
nl.verhalenbank.22280
To Hurdegaryp stie in slot. As se de hekke fan 't hiem ticht dienen gong dy altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.33415
Heit hat faek oer Ymke de Jong forteld. Hy hat mei Ymke ûnder tsjinst west yn Ljouwert. Ymke woe noait tsjinst dwaen, hy forpofte 't gewoan en brocht altyd alles yn disoarder. Gehoarsumje wist er net hwat wie. Hy krige faek straf, mar dat joech neat. Op in kear brochten se him yn 'e gefangenis. De doar woarde grindele en op slot dien. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.34583
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Doe't ik noch sa'n jonge wie, gong 't der by ús soms hiel bot oan wei. Dat wie altyd yn 'e nacht, as wy in skoftsje lein hienen. Op in nacht kom myn broer Sjoerd thús. Hy gong op bêd. Even letter, doe fornom er hwat. Der stie in hiel fremd lyts keardeltsje ynienen by ús oer 'e flier. Syn holle kom mar krekt boppe de sitting fan 'e stoel. 't Mantsje wie...
nl.verhalenbank.26234
Hekke dy't altyd wer iepengiet: Hurdegaryp; Bontekoe.
nl.verhalenbank.19366
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
nl.verhalenbank.29375
To Hurdegaryp stiet in slot mei in hekke dy't se net ticht hâlde kinne. 't Is likefolle hwat men der oan docht, as meitsje se him de jouns ek nòch sa fêst, de oare moarns stiet er wer iepen.
nl.verhalenbank.32755
35