Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
420 datasets found
Dutch Keywords: open
To Hurdegaryp by Bennema-state, wie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, wie er moarns altyd wer iepen. Dat gong sa mar fansels.
nl.verhalenbank.37971
Ymke de Jong hat ek ûnder tsjinst west. Mar dêr wienen se glêd mei oan. Dy smiet de kaeijen gewoan tsjin 'e doar oan, dan spatte dy doar samar iepen. Op 't lêst ha se him ûnder tsjinst weidien, sy koenen neat mei him wurde. Hy koe toverje.
nl.verhalenbank.27753
To Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Anne Tsyske hat dêr tichte by wenne. Dy hat my forteld, dy hekke gong alle nachten wer iepen, ek al hienen se der slotten en alles op.
nl.verhalenbank.33068
Yn Hurdegaryp by Bennema-state stiet in hekke, dy giet altyd fansels iepen. Dêr binne sels gjin slotten tsjin bistand.
nl.verhalenbank.22987
To Eagum wenne in roomse boer. Dy neamden se de duvel fan Eagum. Der wenne in grifformearde boer flak foar him oer. De roomse boer mochten se net lije. De roomse - en de grifformearde boer hienen elk like folle lân. Ik haw ris by dy roomse boer ûngetide. Dy fortelde my: De grifformeerde boer hie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre...
nl.verhalenbank.22039
Yn Faen hat in boer wenne, dat wie in freeslik rare keardel. Dy hiet fan Metske. Jouns kommen de doarren by him op slot, mar moarns stienen se wer iepen.
nl.verhalenbank.23469
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Veurloop. Wat ik vertel, is allemoal woar; woorom zol k t laigen? n Poar joar leden heurden mien vrou en ik s oavends op berre de deurn op zied van t huus oopn en tou goan. Dudelk vernamen wie, dat de grundels vot schoovn wurn. Ik bin nog van t berre of west um es te kiekn, wat dr te doun was, moar niks te zain. Mien mouder leefde dou ook nog, en zai...
nl.verhalenbank.43612
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
nl.verhalenbank.38504
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, wie in hekke, dy't se nachts net ticht hâlde koenen. Dy gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.37623
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
To Hurdegaryp is in homeije, dêr wie 't krekt sa mei. Dy gong ek altyd wer iepen. Die wie mei gjin mooglikheit fêst to hâlden.
nl.verhalenbank.25958
To Hurdegaryp wie in hekke dy't nachts altyd om deselde tiid út himsels iepen gong.
nl.verhalenbank.36878
It Godloas tolhek is tusken Beetstersweach en Lippenhuzen. Foar de nacht sluten se dat. Mar it joech neat. De oare moarns wie 't altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.33069
To Hurdegaryp wie in izeren hekke, dy gong nachts om tolwe ûre altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.27587
As ús mem oan 't himmeljen wie, makke se de fearren bêdden altyd iepen en de fearren kamen dan achter hûs yn 'e stookpot; dy moesten dan hwat waerm makke wurde, dan kamen se wer yn 'e bêdsek. Op in kear makke mem wer in bêd iepen. Frou de Vries wenne achter ús. Us mem sei tsjin har: "Hwat bin ik bliid, dat ik mei de bêdden bigoun bin, hwant ús Wierd hie...
nl.verhalenbank.37019
Spookhuus. Dat stait in Gaiterveen; nou is t gespook doan, moar n joar of wat leden gung t er roar heer. Woonden n man en nvrouw in; s maanks gungen de deurn s nachts zo moar oopn en tou. De grundels wurn biezied schoovn. Te zain was dr niks, toch vonden dei mensen et wel griezelg. Wazzen gounend, dei zeden, dat et verbeeln weezn mos; zai geleufden dr...
nl.verhalenbank.46192
Yn Hurdegaryp, op Bennemastate, stie in hekke, dy't altyd om 12 ûre yn 'e nacht iepen gong. Hy waerd dan iepen smiten troch in ûnsichtbere macht. Froeger is dêr ris in moard gebeurd.
nl.verhalenbank.38302
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe, stienen twa greate wite pilaren, dêr wie in hekke tusken yn. Hja seagen dêr wolris in wite gedaente. Dy hekke woe noait ticht bliuwe. Die dokter him jouns ticht, de oare moarns wie er fêst iepen. Ek al waerd er op slot dien, hy koe net ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36477
35