Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: oorlog Place of Narration: Drachten
Doe't Hitler oan 'e macht kaem, wenne der yn Frankryk in minske, in sikere Madame, dy koe alles foarút sjen. Dêr stjûrde Hitler ien hinne om presys gewaer to wurden hoe't it forrin wêze soe fan syn polityk. It minske hat alles haarfijn forteld. It is krekt sa gong oant yn 'e lytste bysûnderheden ta. Trouwens in diplomaet Dimitrow hat him ek foarspeld...
nl.verhalenbank.33708
Ik siet as kommunist yn 't konsintraesjekamp to Schoorl yn 'e oarlochstiid. 'k Stie op 'e hoeke fan in barak. Doe kaem Gerryt Roarda fan 'e Tynje by my. Die siet dêr ek yn dat kamp. Dy tocht dat ik fortriet hie. Hy sei: "Dû sitst net yn 'e lytse loege wol?" "Né," sei 'k, "hwant ik bin der sa goed as wis fan dat ik hiel gau frij kom." It wie krekt as wie...
nl.verhalenbank.37018
't Wie yn 'e oarloch en in krappe tiid. Ergens stie in dûmny to preekjen. Mar de man hie in spraekgebrek. Ynpleats fan "Vrede, vrede, maar er is geen vrede", sei er: "Vrete, vrete, maar er is geen vrete."
nl.verhalenbank.32878
De Frânsen waerden yndertiid keard doe't it oarloch wie by de brêge fan Aldegea. Doe ha de Aldegeasters bijen op har loslitten. Doe wienen dy Frânsen sa lulk, dat sy ha mei har degens op in grouwe bolstien omhoud. Dy stien leit dêr nòch by de brêge en de printen fan 'e degenhouwen binne der skoan yn to sjen.
nl.verhalenbank.36940
Dy't in helm hat en dy giet yn 'e oarloch, dy bliuwt kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23023
It wie yn 'e oarloch. Myn suster Gees gong doe us in kear nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Gees wie doe skeiden fan har man. De wiersizter sei tsjin har: "Jo binne by de man wei, mar jimme komme wol wer by elkoar." Doe sei se: "Jo ha dêr in jurk oan, dêr ha jo de punten foar kocht." De textyl wie doe op punten. Dat kloppe presys. Hja hie de punten der...
nl.verhalenbank.33379
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ik wie in jonge, doe wenne ik yn Aldegea by Germ van der Ploeg. Dy hie buorkerij. Der wie doe noch gjin elektrysk, dat jouns wie alles dêr tsjuster. Yn 't bûthús hienen se in flearmûs-lantearne hingjen. 't Wie op in joun, alles wie birêdden. De arbeider wie al fuort. Ik wie noch mei Germ yn 't bûthús. Wy praetten noch even. Ik soe in bakje mei sân helje,...
nl.verhalenbank.33625
De blauwe stien fan Aldegea. De Frânsen wienen yn ús lân. 't Wie oarloch. Sy wienen ûnderweis nei Aldegea ta. Sy woenen in oanfal op Aldegea dwaen. De boeren fan Aldegea hearden dêr fan. Doe brochten se gau har froulju en bern op 'e Hege Warren. Dat wie by de Headammen. Dêr wienen se feilich. Doe gongen se hinne en makken in gat yn 'e wei, dy't fan 'e...
nl.verhalenbank.33382
Ik wie soldaet yn Ynje en likernôch 32 à 33 jier. Dêr haw ik midden yn 'e nacht yn 'e rimboe Anek sjoen. Anek is in froumins. De Javanen binne der deabinaud foar. Ik wie tusken allegear oare militairen yn, der wienen ek Javanen by. Wy hienen elkoar beet, hwant as we elkoar loslieten koe der samar ien ôfdwale yn 'e rimboe. Hwant de nachten binne dêr...
nl.verhalenbank.33629
't Wie yn 'e Dútse tiid. Doe wie der in kastelein, dy hie in papegaei. De jonges hienen dy papegaei leard, dat, hwannear't der in Dútser ynkom, dan sei er altyd: "Ontplof, rotmof." De overste fan 'e Dútsers, dy hearde dat en sei: "As dit net ophâldt, gean jo de bak yn." Dat sei er tsjin 'e kastlein. De kastlein seach even raer, hwant hy woe syn papegaei...
nl.verhalenbank.32888
Ik ha ek wol by Thomas Clare west. Dy wenne yn Feansterheide. Dat wie dêr in rûge húshâlding. Dêr wienen allegear greate jonges yn 'e hûs. Clare skodde de kaerten trije kear troch. Dan lei se der trije kaerten by wei, dy lei se omkeard op 'e tafel. Sy kearde doe earst de earste om en sei: "Dit acht je niet." Doe kearde se de twadde om en sei: "Dit...
nl.verhalenbank.19370
Yn 't bigjin fan 'e lêste oarloch haw ik yn Oud-Beierland west. Dêr wie 't merke. Doe liet ik my de takomst sizze troch in frommeske. Dy lies it út myn hân. Hja sei, ik soe yn 't koart in hiele fiere reis meitsje. Ik wenne doe yn Stiensgea. Dêr moesten fan 'e Poepen in tritich gesinnen fan nei Dútslân of nei Frankryk ta. Dêr wie ik ek by. Ik hie wol yn...
nl.verhalenbank.19371
De heinproef yn oarlochstiid It is foarfallen yn 'e mobilisaasje fan njoggentjinhûndert fjirtjin achttjin. It wie by de hjerst en ûnlijich, rûzich waar. In boerespul stie gâns efterôf en dêr sieten de lju meiïnoar yn 'e hûs te thee- of kofjedrinken of it ien of 't oar. Der waard op 'e doar kloppe en de boerinne gong der hinne. Doe stie dêr in frommis foar...
nl.verhalenbank.14669
't Wie yn 'e oarloch. Der wienen guon, dy woenen in grou keal oer de grins smokkelje. Mar sy leinen it snoad oan. Ynpleats fan in keal dienen se in dikke herdershoun yn 'e koffer. Doe sei de douane: "Hwat ha jo dêr yn?" "Dêr haw ik in houn yn", sei de man mei de koffer. Doe moest de douane dy houn sjen. De koffer woarde iependien en de houn sprong der út...
nl.verhalenbank.21163
Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem. "Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft...
nl.verhalenbank.19617
Yn 't leger wienen guon kûgelfrij. Ik wyt noch wol dat se mei de boere-oarloch yn 'e skearwinkel op 'e Boelensloane fortelden dat der twa boeren wienen, dy wienen kûgelfrij. Altyd roannen dy twa foar it leger op. Dêr skeaten de Ingelsen altyd op, mar dat joech har neat, sy wienen net to reitsjen. Se wienen kûgelfrij. Dêrtroch liet de Ingelsman greate...
nl.verhalenbank.29401
35