Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: oog Place of Narration: Opende
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
nl.verhalenbank.31926
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had. Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Alde Rikele Myt dy ha se as in hazze sjoen. Sy ha dy hazze it eech útsketten. De oare deis lei Myt op bêd. Sy wie hielendal opswold by de egen. Sy sei dat se belroas hie. Mar sy hienen har 't eech útsketten. Sy kom letter sûnder eech op 'e lappen. Hja wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.38682
Froeger wienen der ris minsken oan 't sângraven. Alle Beima wie dêr ek by. Doe kom dêr in hiele grouwe kat en dy gong by harren sitten. Alle krige it gewear en skeat him. De oare deis hie âldere Rikele Myt it eech út 'e holle hawn. Hja hie har yn in kat foroare.
nl.verhalenbank.26814
In tsjoenster foroare har yn in kat. Knjillis Boorsma syn mem wie in tsjoenster. Sy wenne hjir flak neist. Beppe sei: "Wy gongen der jouns wolris hinne to sjen. Dan sieten der in stik of acht, njoggen katten op 'e naed fan 't hûs. 't Wienen allegear groubonte katten. Ien fan dy katten ha se us in reis jown, doe hie dat minske de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.26905
6