Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: oog Place of Narration: Opende
Alde Rikele Myt dy ha se as in hazze sjoen. Sy ha dy hazze it eech útsketten. De oare deis lei Myt op bêd. Sy wie hielendal opswold by de egen. Sy sei dat se belroas hie. Mar sy hienen har 't eech útsketten. Sy kom letter sûnder eech op 'e lappen. Hja wie in tsjoenster.
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had. Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Wel een fyftich joar leden kwam hier een boer te wonen. Hy kwam uut Gelderland en hy had een wyf en in stuk of vijf kiender. 't Was een hiel aparte huusholding. It minske was gewoan minskeschuw - se durfde met gien een te proaten en sy kwam noait tofoarskyn. En de kiender woaren net zo. Se durfden niet met andere kiender te speulen. Moar de keardel was...
In tsjoenster foroare har yn in kat. Knjillis Boorsma syn mem wie in tsjoenster. Sy wenne hjir flak neist. Beppe sei: "Wy gongen der jouns wolris hinne to sjen. Dan sieten der in stik of acht, njoggen katten op 'e naed fan 't hûs. 't Wienen allegear groubonte katten. Ien fan dy katten ha se us in reis jown, doe hie dat minske de oare deis in blau eech.
Froeger wienen der ris minsken oan 't sângraven. Alle Beima wie dêr ek by. Doe kom dêr in hiele grouwe kat en dy gong by harren sitten. Alle krige it gewear en skeat him. De oare deis hie âldere Rikele Myt it eech út 'e holle hawn. Hja hie har yn in kat foroare.
By âlde Sipke Albert yn 'e Grinzer Pein lei ek altyd jouns in pleachbeest foar hûs. 't Wie in great ding, dik en rûch en swart mei in pear greate gleone egen yn 'e kop. Sipke Albert wie koopman en wenne allinnich. Hy hie wol sinten.
nl.verhalenbank.25713
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Pleachbeesten wienen sa great as in keal. Se hienen greate gleone eagen en greate earen. Se stienen faek by in omstap. Se joegen noait rûmte, mar se dienen de minsken oars gjin kwea. Se sprongen de minsken ek wol us op 'e rêch. Myn âlde mem hat us ien troffen. Sy roan fan Noard Drachten by de Dwarsfeart lâns en kom oer de Hege Brêge. Doe moest se fierder...
nl.verhalenbank.19496
Olle Martens Hiltsje komt op in oavend op 'e Skieding bij de forten. Doe komt der opeens een dikke swarte hond op haer af met hiel groate ogen. En die bleef moar bij hoar. Se is doar bij fremde minsen inflogen, so bang was se.
nl.verhalenbank.26015
0