Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: onzichtbaar Place of Narration: Drachten
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik. Dy...
Us heit wenne yn Kollum. Hy wie fêste arbeider by de boer. Mar dat foldie him net langer, en doe woarde er los arbeider. Hy moest faek koedriuwe. Dy kij moesten dan nei Visvliet of nei Bûtenpost tadreaun wurde. Fan Visvliet gongen se mei de boat nei Ljouwert ta, nei de fémerk, en fan Bûtenpost ôf mei de trein. Op in freed-to-moarn moest der fé nei...
Ik haw wol gauris heard dat der ien oan kant reage waerd troch in lykstaesje dy't se net seagen.
It gebeurde ek us op in kear, doe siet ik by him, doe wie de doar ek wer út himsels iepen en ticht gong. Mar doe fornaem ik wol, dat der kreaud woarde. De man hie heftige biwegings en sy wienen it lang net iens togearre, koe 'k wol fornimme. 't Wie mis, hy wie mar oan 't haspeljen en oan 't jeuzeljen tsjin dy 'oare'. Doe kom dy âld man oerein en hy gong...
nl.verhalenbank.24936
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel. Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke. Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
It is us in kear oan 'e Dwarsfeart gebeurd, dat in ploechje jongfolk by elkoar stie. Doe woarde der ien samar út 'e keppel weinom en fuortsmiten.
Us mem har heit wie in grouwe, forwoeste keardel. Op in kear soed er nei hûs ta. Hy wenne yn Bakkefean. Hy moest oer in planke hinne. Doe't hy der oan ta wie, hearde hy dêr hwat op it plankje. Hy koe net sjen hwat it wie, hwant it wie neare nacht. "Hwat donder," sei er, "hwa keart my?" Mar hy hie dy wurden noch mar krekt sein of hy waerd sa bot smiten,...
nl.verhalenbank.19707
Dy't in flesse drank ha wol mei klaverboer praet earst mei ien ôf dy't de flesse oannimme sil. De earste jowt de flesse mei de kaert der oan oan in ûnsichtbere bûten de doar. Even letter komt de flesse fol mei drank der wer oan. De flesse sweeft. Dy't it biloofd hat mat de flesse beetkrije, oars giet de earste dea.
0