Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: omen voorzien Place of Narration: Drachten
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Op 'e Bearne-wyk - dêr is ús mem geboaren -, dêr wie 't yndertiid allegearre bosk. Us Sake-omme wie dêr alris mei noch ien. Hy hat it my sels forteld en 't wie gjin man om to ligen. Sy hearden der ynienen in lawaei op 'e Bearnewyk, it wie ôfgryslik. Troch de hiele bosk, njonken har wienen oer in stripe fan twa, trije meter distânsje de beammen oan 'e...
nl.verhalenbank.26065
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel. Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
Tiense Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: "Ik mat alles sjen." Doe't der ris in jongeman stoarn wie, sei er fan tofoaren al: "Ik ha de bigraffenis sjoen. Deselde dy't stjert wennet op 't plak dêr't Houtigehage yn Boelensloane oanslút." 't Is dy en dy, sei er. It kloppe as in bus.
nl.verhalenbank.29386
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern. Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen. It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
nl.verhalenbank.23627
Sa'n fjirtich jier lyn seagen wy wylde lantearnen op 'e Hege Wei. Dat wie doe in sânpaed, dêr kom omtrint neat lâns. Nou stiet it der noait stil, sûnt de wei forhurde en forbrede is. Elk ogenblik snuorje der auto's lâns. De lettere autoljochten dêr, wolle se wol ha woarden troch dy wylde lantearnen oantsjut.
nl.verhalenbank.33768
Yn 'e Harkema is in lytse sawntich jier lyn in arbeidershûs opbrând. Fjouwer bern binne doe yn 'e flammen omkom. Jan van Zalen hat der noch in sang fan makke. Trije dagen fan tofoaren hat Sibe Antsje (= Antsje Tabak) sjoen dat dat arbeidershûs yn 'e brân stie.
nl.verhalenbank.33156
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
Alde tante Dike, dat wie de frou fan Jan Mulder, dy seach op in nacht yn Nyegea in bigraffenis foarbygean. In wike letter wie dy bigraffenis dêr.
nl.verhalenbank.33034
Taeke Taekema fan Suwâld wie foar de twadde kear troud. Op in joun doe't it tsjuster wie roannen hy en noch in man togearre de wei del. Doe sei dy oare man tsjin Taeke: "Wy matte hjir even wei. Der komt in bigraffenis oan." "Fan hwa is dy bigraffenis?" frege Taeke even letter. "Dat silst wol hearre", sei er. Twa à trije dagen letter stoar Taeke syn frou....
nl.verhalenbank.23623
Japik van der Kooi yn de Pein (Gr.) seach yn Topweer in hûs yn 'e brân. It wie it hûs fan Wiggele van der Meer. It brânde flink. Hy giet yn 'e hûs om dit to fortellen. 't Hûs stiet yn 'e brân. Doe't er wer bûten kom, wie der neat. Mar it hat net lang mear duorre, doe is 't opbrând. 't Is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.27493
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
Myn omke Harm wie skieppehoeder. Dy hat yn 't fjild by Grinzer Pein wylde lantearnen sjoen. 't Wienen allegear ljochtsjes. Mar in lyts skoftsje dêrnei, yn 1912 woarde der in nije tramlijn oanlein fan Grins nei Drachten. Dat wienen de ljochtsjes dy't hy sjoen hie.
nl.verhalenbank.27489
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Seach men in fjûrbol, dan bitsjutte dat swier waer.
nl.verhalenbank.23498
Us heit seach froeger yn Surhústerfean in hûs yn 'e brân. Mar it brânde net yn werklikheit. Folle letter brânde it op. Hwannear't men it yn 'e foarnacht brânnen sjocht, dan duorret it mar even. Sjocht men it yn 'e neinacht brânnen, dan duorret it noch in hiel skoft foardat it echt opbrânt.
nl.verhalenbank.26051
35