70 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Drachten
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
As de ierdmantsjes it tige drok hienen, krige men in fruchtber jier, waerd der sein. Der waerd by ús sein dat der in âlde widdou by ús wie, dy't nachts it wurk troch de ierdmantsjes dwaen liet.
nl.verhalenbank.23490
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe. As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Op 'e Bearne-wyk - dêr is ús mem geboaren -, dêr wie 't yndertiid allegearre bosk. Us Sake-omme wie dêr alris mei noch ien. Hy hat it my sels forteld en 't wie gjin man om to ligen. Sy hearden der ynienen in lawaei op 'e Bearnewyk, it wie ôfgryslik. Troch de hiele bosk, njonken har wienen oer in stripe fan twa, trije meter distânsje de beammen oan 'e...
nl.verhalenbank.26065
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel. Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
Wy seagen oan 'e Dwarsfeart froeger wol us wylde lantearnen. Dy sweefden boven de lânnen. Mar hwat dat to bitsjutten hie, wyt ik net.
nl.verhalenbank.19691
Eksters binne tillegrammen. Sy bringe tidingen fan ûngelok by de minsken.
nl.verhalenbank.19326
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen." It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke. Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat. 't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou. Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear....
nl.verhalenbank.25582
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait. Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit. "Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter." Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Doe't ik jong wie sweefden der altyd wylde lantearnen boppe de heide. As dat it gefal wie, kom der in ûngelok, seinen se.
nl.verhalenbank.23497
Tiense Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: "Ik mat alles sjen." Doe't der ris in jongeman stoarn wie, sei er fan tofoaren al: "Ik ha de bigraffenis sjoen. Deselde dy't stjert wennet op 't plak dêr't Houtigehage yn Boelensloane oanslút." 't Is dy en dy, sei er. It kloppe as in bus.
nl.verhalenbank.29386
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Yn Eastemar stienen guon by 't wetter. Doe hearden se in lûd. Der woarde sein: De tijd is verschenen, de man is er niet. Even letter rekke der ien yn 't wetter dy't forsûpte. 't Wie yn 'e tiid fan 'e donkere hjerst.
nl.verhalenbank.23480
35