Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: omen rijden
Jierren foardat de tram kom seagen de minsken yn Grinzer Pein ljochten troch de lange Bosk gean. Sy wisten doe net hwat dat wie, mar doe't letter de tram kom, wisten se dat it foartjirmerij west hie.
nl.verhalenbank.27344
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
To Nijlamer wienen it froeger allegearre petgatten en wiken. Syberen Hofstra hearde dêr op in kear de weinen oer de diken (= wegen) riden. Letter is de hiele saek der ûntgonnen. Doe rieden de weinen dêr lâns. Dat hie er fantofoaren al heard.
nl.verhalenbank.28266
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet." Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Tusken Grypskerk en Visvliet mat in greate poel wêze. Guon ha us út dy poel in stem weikommen heard: "De tijd is der wel. de man is der niet." Even letter kom der in man op in hynder oan riden en dy is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.20893
In omke fan myn mans kant wie skeper op Driemunt. Dêr wie 't doe yndertiid allegear noch heide. Op in kear sei er tsjin my: "Ik ha justerjoun in wylde lantearne sjoen. Hy kom fan Mearum en gong de kant út nei Drachten." Hy hat it letter noch faker sjoen. "Der komt hwat to rinnen fan Mearum op Drachten yn", sei er. Ik sei: "Merakels allegear." Mar letter...
nl.verhalenbank.27483
Froeger ha guon ris de trein riden heard troch de wide pet hinne. Mar der is noch noait in trein kaem.
nl.verhalenbank.21157
Wy wennen yndertiid oan 'e Koopmanswei. Fan in trein wie doe noch gjin sprake. Mar doe hearden se op in kear klear de lûden, krekt as ried der in trein oer rails hinne. Doe binne se allegearre dêrhinne gong dêr't dat lûd weikom. Mar der wie neat. Letter ried dêr de trein lâns, krekt op itselde plak dêr't se 't lûd weikommen heard hiene.
nl.verhalenbank.34559
Doe't it spoar hjir oanlein is, ha se dat tiden fan tofoaren yn Sânbulten al heard. Se hearden de trein oer de rails riden.
nl.verhalenbank.19385
Us heit fortelde dat yn syn jonge jierren foardat de trein der noch wie fan Ljouwert nei Grins, hienen hja yn Sânbulten de lûden fan 'e trein al heard.
nl.verhalenbank.33020
Foardat de tram hjir lâns ried ha de lju fan tofoaren iderkear wol ljochtsjes riden sjoen. 't Wie foartiermerij. 't Wienen wylde lantearnen dy't almar forweegden.
nl.verhalenbank.25871
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Foardat it spoar hjir wie, ha de minsken it al riden heard, krekt like dúdlik as doe't it der letter wie, sei myn âlde omke.
nl.verhalenbank.28431
Der wie in keppeltsje jongfolk op 'e Burgumer mar op it iis. Ik wie doe noch in jonge. Doe hearden se ynienen in stim: "De tijd is der wel, de man is der niet." Doe kom der in jongfaem oan riden, dy is yn in wek fordronken. Ik wol ljouwe, dat it in van der Ploeg fan Koaten wie.
nl.verhalenbank.21370
Sa wie 't ek mei de trein fan Ljouwert nei Swolle. Sy hearden de trein oer de rails gliden. It kom altyd fan 'e kant fan Ljouwert út wei. Letter is de trein der kom.
nl.verhalenbank.28353
Doe't wy bern wienen wennen heit en dy yn 'e Wierren by de polderdyk. (nou Tike). Doe wienen der gâns lju, dy seagen in ljocht fleanen oer Sumarreheide. Se woenen biweare dat dat it ljocht west hat fan 'e tram, dy't dêr letter kom is.
nl.verhalenbank.29449
Doe't de Nijlamer polder oanmakke woarde ha guon dat fan to foaren heard. Krekt even oer de Tsjonger hearden se de weinen riden. Letter is dat neikom.
nl.verhalenbank.28352
De tram dy't fan Drachten nei Mearum rydt, is fan to foaren sjoen woarn troch in bulte minsken dy't oan 'e Skieding, op 'e Skâns en Sakebuorren wennen.
nl.verhalenbank.33662
35