Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
26 results
Dutch Keywords: nek spookplaats
Yn Stiensgea rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.19872
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
Op 'e Sweager lânnen rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.20510
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
nl.verhalenbank.31490
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
Oastlik fan 'e Brandsma-loane yn Garyp is in leantsje. Men wol ha dat dêr yn dat loantsje in fôlle spûket mei in brijpot om 'e hals. Guon doarsten der froeger net lâns.
nl.verhalenbank.32201
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196
Yn 'e Hamsherne, achterút, de kant nei de Boskwei út, dêr't froeger dikke Rikele Witteveen wenne hat, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28821
Op 'e Lútsensloane dy't op 'e Easterein yn Garyp útkomt, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang foar makke.
nl.verhalenbank.32067
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
To Wâlterswâld roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der wienen de minsken froeger bang foar.
nl.verhalenbank.30860
By Boelensloane om, sahwat tusken it Blauhûs en de Boelensloane, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.25467
Yn Sumar spûket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.30334
Op 'e Útein yn Aldegea (de kant nei 't Easten út) spûke in fôlle om mei de brijpot om 'e hals. Wy ha dêr yn 'e buert wenne. Us buorfrou hat dy fôlle in kear sjoen. Se wienen der froeger stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.30456
Se seinen altyd dat der op 'e Tike in fôlle mei in brijpot ûnder 'e hals omroan. Op it lêste eintsje fan 'e Tike oan 'e wei fan 'e Pein nei Nyegea ta, spûke it ek altyd.
nl.verhalenbank.32647
Krekt oer de feart to Feanwâldsterwâl roun in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29663
26