Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: naloop Place of Narration: Drachten
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Yn 'e Houtigehage stie in hûs, dêr spûke it yn. Dêr yn dat hûs ha in soan en in dochter har beide fan kant makke. Sûnt dy tiid spûkje dy beiden dêr. 't Is noch famylje fan my.
Doe't ús heit stoar binne der oare minsken yn ús hûs kaem to wenjen. Mar dy binne der wer út gong, hwant it gong dêr nachts altyd op in klopjen. Dat wie fan 't skuonmeitsjen fan ús heit. Dat hearden dy lju alle nachten.
nl.verhalenbank.37910
Heit fortelde us, dat der roan wol us in jonge mei him op nei 't wurk ta. Op in kear hie dy jonge ek wer mei him roan, doe hie dy jonge ynienen in freeslike pine krigen. Hy sei: "Ik gean werom." Heit woe wite, hwerom. Doe sei dy jonge: "Ik ha myn duveldrek net by my. En as ik dat net by my ha, dan bin 'k forlegen fan 'e pine."
Duveldrek woarde froeger net allinne ûnder 'e drompel dien, mar ek ûnder 'e bakken fan 'e bargen.
In tsjoenster kin troch 't goatsgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net oer komme.
Wy leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe der net in tsjoenster oerhinne komme.
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Men koe in nachtmerje keare troch in fleartûke foar 't bêd to hingjen.
As in tsjoenster by jin komt, liz dan in stikje brea of strui hwat rogge foar 't bêd. Rogge en brea is heilich. De tsjoenster kin jin dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.23105
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Heit fortelde, oan 'e Dwarsfeart struiden se altyd kaf op 'e rêgen fan 'e hynders. 't Wie us gebeurd, doe hie de oare moarns de nachtmerje op 'e skerne stien, om de plúskes fan har klean ôf to sykjen. Hwant sy mocht neat meinimme. Klaes Boelens syn heit seach de nachtmerjes nachts foar 't glês oankommen, as er op...
Froeger hienen de minsken liemen flierren. Om 'e nachtmerje net by har to krijen setten se de klompen achterstofoar tsjin 't bedsté oan.
Mem en heit ha ek fard. Sy leinen us op in nacht by de Rolbrêge, oan diz kant de Tynje. Sy soenen op bêd. Njonken 't roer fan 't skip kom hwat út it wetter, dat gong by 't roer op en oan 'e oare kant der wer by del. Hyltyd hinne en wer, al mar troch. Mem en heit binne dyselde nachts noch forfard. Sy woenen dêr net bliuwe. Mem hat der letter nei frege hwat...
nl.verhalenbank.16841
In deade tsjinkomme Ik ha koartlyn in ferhaal heard fan ien, dy hie in âld minske efter yn in auto sitten sjoen, en dat minske wie al jierren en jierren dea. En it wie ek gjin frommis dat der wol wat op like, nee, it wie dúdlik en dúdlik te sjen, dat sy it sels wie.
nl.verhalenbank.12157
In deade tsjinkomme Us pake Piter Claus sei ris fan âlde Siger—dy wie doe al dea—: 'Ik woe him noch wol ris rinnen sjen'. En op datselde stuit seach er him ek. Siger kreupele.
nl.verhalenbank.12156
Foar tsjoenderij lizze se duveldrek op 'e drompel.
Fan sawn soannen yn in húshâlding, dy't achter elkoar oan geboaren wurde, sûnder in dochter der tusken, is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Der wurdt biweard dat men de skuon mei de hakken nei 't bêd keare mat, dan komme se net by jin. Ik ha ek wolris heard dat ien fan sawn dochters in nachtmerje is.
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje. Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis. Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
0