Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: naloop maan
Sy ha in nachtmerje wolris fangd mei moal. As se moal oan har hat, kin se net fuortkomme. Sy komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy giet ek wol nei de hynders ta. Dan is 't hynder alhiel oerstjûr. Sy makket de hynders wol flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.24115
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
nl.verhalenbank.19525
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein. As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
Fan sawn op elkoar folgjende dochters wie de jongste in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to hawwen, dienen se moal op 'e stoel foar 't bêd. Dan kom de nachtmerje net, hwant as se dan sitten gong bleau se oan 'e stoel fêst. De nachtmerjes kommen ek by de hynders. Dy dienen se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.27686
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Nachtmerjes kin men oankommen hearre. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hynders. Dat ha 'k wol ris sjoen. Wol men der gjin lêst fan ha, dan mat men in wiete dweil foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.25946
35