Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
64 datasets found
Dutch Keywords: naloop heks
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Wy wennen yn Houtigehage. Dêr wenne in bikende tsjoenster, dat wie Jehannes Wyts. Op in middei wie myn skoansuster by my. Hja hie har famke meinom, dat wie doe noch in poppe. Doe die se dat bern in skjin ruft ûnder. Doe seach ik dat dat bern in toutsje om 'e hals hie en dêr siet in lapke oan. Dêr siet hwat yn biboun. Ik sei: "Hwat is dat?" Doe sei myn...
nl.verhalenbank.33052
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe. Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich. Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Wy hienen altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ik ha 't wol dronken. 't Wie om 'e tsjoensters. Wy hellen it út 'e apteek to Kollum. 't Wie raer guod. It kroppe hyltyd wer op.
nl.verhalenbank.28061
't Wie by ús yn 'e Harkema de gewoante dat de bern duveldrek op it boarst droegen fanwege de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27804
As men duveldrek ûnder 'e drompel docht kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.33242
As wy froeger as bern nei skoalle ta gongen - yn 'e Harkema - setten wy in krús op it paed; dan koe de tsjoenster ús net binei komme.
nl.verhalenbank.29420
De bern fan Sint en Liuwkje, dy't achter de Swâdde wennen yn Twizelerheide droegen in stik duveldrek yn in pûdtsje oan in eintsje tou om 'e hals. Dat wie tsjin 'e tsjoensters. Der wienen ek wol guon yn Twizelerheide, dy hienen in stik duveldrek ûnder 'e drompel. Ek tsjin 'e tsjoensters. Heit brûkte duveldrek as de bargen bigje moesten. Dan krigen se it yn...
nl.verhalenbank.33451
As jo hwat fan in tsjoenster opite, matte jo 't lêste hapke stean litte, dan kinne se jo net krije. In tsjoenster kin jo ek net krije as jo hyltyd mar tinke: "Dû krijst my net!"
nl.verhalenbank.23905
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Wy hienen froeger altyd stûperse hoannen - dat binne hoannen sûnder sturt, mei prachtige kleuren - by ús hinnen. Stûperse hoannen keare de tsjoensters, wie 't sizzen altyd. Dêrom hienen wy se ek.
nl.verhalenbank.25860
Woe men tsjoensters keare, dan die men duveldrek ûnder 'e drompel. De toffels of skuon sette men mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.25848
Duveldrek is in útwerpsel fan 'e duvel. Wy dienen 't froeger ûnder 'e drompel, dan koe Akke-tsjoenster der net oerhinne komme. Wy makken ek wol in krús op 'e wei, as wy in tsjoenster seagen. Der wienen ek wol bern, dy droegen 't yn in pûdtsje om 'e hals. Sokken wienen der in soad.
nl.verhalenbank.33150
Ik ha wol lju kend, dy leinen duveldrek boppe op it kezyn fan 'e doar om feilich to wêzen foar tsjoensters. Oaren leinen it ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.33795
35