Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
125 datasets found
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Drachten
Doe't ik ûnder tsjinst wie hienen wy in korporael, dy kaem út 'e Achterhoek. Dy fortelde, der wienen by har wjerwolven. Dy krigen elkoar yn 'e nacht by de hân beet en roannen sa meielkoarren troch de roggefjilden. Dan lei de oare moarns alles plat. In wjerwolf is in kweaden, dy't de boel fornielt. 't Is in trawant fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36708
Froeger hearde ik faek forhalen fan minsken dy't by nacht midden op 'e wei roannen. Dy wienen foar by de lykwein opflein en der achter wer by del knoffele. Wy waerden altyd warskôge: Tink der om, rin by nacht noait midden op 'e wei. Ik rin nòch altyd oan kant.
nl.verhalenbank.36913
Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe. "Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch. De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in...
nl.verhalenbank.19701
Us mem har heit wenne yn Surhústerfean. Doe't dy slim siik rekke gongen mem en heit dêr togearre hinne. Heit kaem de jouns njoggen ûre werom. Mem wie yn Surhústerfean bleaun. De oare moarns bitiid seinen wy: "Hoe soe 't mei pake wêze?" "Dy is fannacht healwei tolven stoarn", sei heit. "Ik bin fannacht healweitolven wekker woarn. Doe waerd der tsjin my...
nl.verhalenbank.23489
Oan 'e Noarder Dwarsfeart by de Hegebrêge hat in Grinslânse boer wenne. Dat wie in sekere Mandema. As jonge haw ik feint by him west. Ik slepte boppe op in keammerke. Ik hearde soms dúdlik guon by de trap opgean nei de souder. Stap-stap-stap! sa klonk it. Ik woarde binaud en sei it tsjin 'e boer. De boer sei, dat wienen de âlde feinten fan froeger, dy...
nl.verhalenbank.19852
35