Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: naam werken
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
Twa reuzen slotten in feart. Elk mei in heale bollepream. Hja wienen warch en woenen even bikomme. Doe linen se tsjin 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe 't net hâlde ûnder sa'n swier gewicht en biswykte. "Ik brits him", sei de iene reus. It plak krige de namme Britsum.
nl.verhalenbank.20937
Der wienen in pear reuzen, dy wienen drok oan 't wurk west yn 'e buert dêr't nou Wargea leit. De jouns gongen se tsjin 'e toer oan stean om even út to pûsten. "Hè," sei de iene tsjin de oare, "hwat haw ik in warge lea." Dat hearden guon, en doe neamden se it plak, dêr't dat sein woarde: Wargea.
nl.verhalenbank.23544
Yn Wargea wenne in reus. In skipper wie dêr kom mei in skûtefol branje. Dy branje moest deselde dei noch út it skip wei, mar de skipper seach der gjin kâns ta. Doe sei de reus: "Ik sil dy helpe." Hy nimt de hiele skûte út it skip wei en leget him omkeard op 'e wâl. Hy hie dy deis oan 't slatten west en dus hied er syn nocht. Om hwat út to rêsten lei er...
nl.verhalenbank.20934
Doe gongen se nei Akkrum en dêr gongen se tsjin 'e tsjerke oan stean. Mar dy rekke forbûgd. "A - krom", sei de twadde reus. Dêrfandinne de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20938
To Britsum wienen ek twa reuzen oan 't wurk west. Dy rêstten even út en leinen mei de earmen op 'e tsjerke. "Krak" sei de tsjerke. "Hwat wie dat?" sei ien fan 'e reuzen. "Ik bruts him", sei de oare. Sa hat dat plak dêr de namme Britsum krige.
nl.verhalenbank.20626
Der wienen ris trije reuzen oan 't slatten, tichte by Ljouwert. De iene sei: "Dat is ús deel." Sa hat it Deel de namme krige. De oare sei: "Mar wy ha mear." Sa is de namme Lange Meer ûntstien. En de trêdde gong mei de earms oer de tsjerke hinne stean en sei: "Warge, warge lea." Sa is de namme fan dat plak Wargea (Wergea) ûntstien.
nl.verhalenbank.31331
Doe tochten se: Lit ús dan mar even tsjin dy oare toer oanlynje, dat liket in sterken-ien. It wie de Stienzer. En sjoch, dy bijoech him net, dy bleau stean. Dêrom hjit dat plak 'Stiens'.
nl.verhalenbank.20940
Doe gongen se nei de Falom. Mar dêr gong it har noch minder ôf, doe't se tsjin 'e tsjerke oanlinen. De hiele tsjerke foel om. Sûnt hjit it plak Falom.
nl.verhalenbank.20939
10