Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: naam Place of Narration: Harkema
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Hoe't Oorschot oan syn namme kom Ik haw ûnder tsjinst yn Oorschot west. Dêr stiet net in hoanne op 'e toer, mar in baerch. It wie yn 'e tiid doe moest dat plak noch in namme ha. Doe wie dêr in skerpskutter. Dy soe op 'e baerch sjitte en it doarp soe neamd wurde nei it skot fan dy skerpskutter. Doe skeat er dwars troch de sturt fan 'e baerch hinne. Doe wie...
nl.verhalenbank.33091
De boer fan "t Wytfean dy't mei in nachtmerje troude Wy hienen ris sa'n praatsje oer nachtmerjes en doe kamen wy op Gosse van Dam. Dat wie in dikke boer op it Wytfean, in man dy't der aardich wêze koe. Ik haw him noch wol kennen. Doe't ik in jongkeardel wie, mear as santich jier Iyn, kaam er wol op Feanster (Súrhústerfeanster) merke. It wie in grutte...
nl.verhalenbank.12466
It gebeurde froeger wol faek dat de koaning hjir lâns ried. Hy ried de Mûzegroppewei lâns en dan gong it op Feankleaster ta. Hy jage hurd. Syn/De reed woarde op 't lêst in goate, sa bot spatte it sân en de modder oan kant. Dat sân foarme op it lêst hiele hichten en sa binne de Bulten yn 'e Harkema ûntstien.
nl.verhalenbank.32956
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne: Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette. "Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar. Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
Bonifatius wie ris yn 'e buert fan Dokkum. Hy ried dêr op in hynder. Dat dier krige toarst. Doe kommen se op in plak, dêr bigong it hynder mei de foarste poaten to klauwen. En doe brûsde it wetter út 'e groun, samar. Dêr siet in welle. Doe hat dat hynder dêr fan dronken. Letter is op dat plak de Bonifatius-put kom.
nl.verhalenbank.33031
Yn Wargea dêr hat in reus mei de earmtakken tsjin 'e toer oan line. Hy wie warch, sei er. Dêr hat it doarp de namme Wargea fan krige.
nl.verhalenbank.20662
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema. Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
Hoe't de namme Klûntsjebuorren yn 'e Harkema ûntstien is. Dy namme is troch dr. Keizer fan Surhústerfean bitocht. Hy sei: "In de provincie Groningen daar bestaat net zo'n buurt als de Bulten, dat is de Klontjesburen. Zo is het hier ook. (Hy moest noch sinten ha fan 'e lju dêr, mar hja bitellen net. Mar de klontsjes stutsen ta de kopkes út.)
nl.verhalenbank.32489
Hoe't de namme Smoarhoeke yn 'e Harkema ûntstien is. Froeger wie 't de gewoante dat, hwannear't der in skiep fan in boer fordronk, of ûnforwacht ynienen stoar, dan wie sa'n dier foar de arbeiders. Under de arbeiders woarde it fleis fordield. Mar nou wie der ien arbeider, in sekere Wopke Hoekstra, dy biskuldigen se derfan, dat er wol us in skiep smoarde....
nl.verhalenbank.32488
Twa reuzen wienen oan 't slatten mei in feart ergens yn Fryslân. Op in stuit seagen se om. "A - krom", sei de iene tsjin 'e oare. (De feart wie hwat bochtich) Doe ha se it plak, dat dear lei de namme Akkrom joun.
nl.verhalenbank.15613
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Der wienen in pear reuzen, dy hienen yn Droegeham in protte sân ta de learzens yn krige. Doe't se yn 'e Harkema kommen, legen se de learzens dear. Op dat plak binne doe de Bulten ûntstien. (ek wol de Alpen neamd)
nl.verhalenbank.15614
Der wienen twa jagers, dy kamen fan de Rottefalle. Dy soenen op jacht. Doe't se in ein op stap wienen, skeaten se de earste hazze. "Dat is de earste noch mar", sei de iene. Minsken dy dat hearden, joegen doe oan dat plak de namme Eastemar. In ein fierder skeaten se wèr ien. "Sa màt it mar", sei de oare. Der wienen wer minsken dy't dat hearden, en doe...
nl.verhalenbank.32958
35