Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in feestje op in doarp. Yn dat doarp wenne in faem, dy tsjinne by in boer. Hja sei de moarns: "Joun gean ik nei it feest ta en dan kom ik mei in feint thús, as is 't de duvel ek."
Hja rekke nei dat feest ta. Doe kom dêr op 't lêst in feintsje by har, in kreas feintsje, knap fan snute en earen. Dy gong mei har nei hûs ta.
Mar de boer seach fuort...
nl.verhalenbank.36710
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.19681
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten.
Hy seach lykstaesjes.
Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
nl.verhalenbank.24548
Piter Alma fan 'e Harkema gong nachts faek to murdzjen. Hy gong de lânnen del en kom by in fuotpaedtsje. Dêr stie in hekke. Dêr moest er oer. Mar de houn doarst net. Dy hie de sturt tusken de poaten. Hy wie bang.
Doe seach Piter dat der in neaken berntsje oansweven kom. It bliuwt foar de hekke stilstean en it sjocht Piter oan.
"Leave, stean 'k op dyn...
nl.verhalenbank.23014
Der wie in boer, dy hie sinten liend fan 'e pastoar.
De pastoar kom by him en sei: "Ik wol myn jild wol ris ha."
"Ja," sei de boer, "'t is my bot yn 'e wei; ik wol graech lyk wêze, mar ik ha de sinten op it stuit net."
"Ik kin se oars wòl brûke", sei de pastoar.
"Ja, dat wol 'k graech leauwe", sei de boer. "Mar wit jo hwat? Ik haw in idé. Ik kin jo moarn...
nl.verhalenbank.27311
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
nl.verhalenbank.26153
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael.
Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun.
Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
nl.verhalenbank.33328
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne.
De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042