Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: naaien Place of Narration: Drachten
Dy't net stjerre koe hie op it stjerbêd it iene of oare oan, dat op snein naeid wie. Men moest der dan in knip yn dwaen dan koe sa'n persoan rêstich stjerre.
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou. "Ja," sei beppe, "dat himdsje." Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
nl.verhalenbank.33776
Myn wiif har beppe Tryntsje lei op it stjerbêd. Hja hie hwat oan dat hie skoanmem op snein yn elkoar set en doe koe 't âld-minske net ta stjerren komme. Doe ha se har dat útlutsen en doe wie 't goed. Hja die de egen ticht en wie dea.
Froeger gebeurde it faek dat de naeisters de tried stikken bieten mei de tosken. Dan kom der in eintsje tried yn 'e mage fan sa'n minske torjochte. Sa wie der in frommeske dy die dat altyd en op 't lêst hie se in hiele klute jern yn 'e mage. Doe krige se dêr lêst fan. Doe gong se nei Sânbulten. Dêr wenne lytse Fedde. Fedde Stryk sizze se ek wol (F. de...
nl.verhalenbank.33369
Myn eigen heit lei op stjerren. Mar hy hie al in pear dagen sa lein sûnder dat er stjerre koe. Doe gongen se nei of er ek hwat oan ha koe dat op snein makke woarn wie. Dat wie it gefal. Sy ha it him útlutsen en hy krige der hwat oars foar yn 't plak oan. Doe wie 't samar klear.
nl.verhalenbank.27528
Yn 'e Pein wie in man, dy moest stjerre en hy koe net stjerre. Doe gongen se der allegear út, op ien fan 'e famyljeleden nei. Dy sei: "Hat er ek klean oan dy't op snein makke binne?" Dat wie 't gefal. Doe ha se him der hwat oars foar oan dien en doe wied er samar wei.
nl.verhalenbank.27509
As der ien is dy't net stjerre kin, dan kin it wêze dat er kleanspul oan hat, dat op snein naeid is. Dan mat men sa'n ien de klean útgoaije en him oare klean oandwaen.
Ik ha faek heard dat se seinen: dy't op snein naeit en docht dat guod op syn stjerbêd oan, dy kin net stjerre.
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen. "Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?" "Miskien wol", seinen se. Doe ha se yn al har guod in knip dien. Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske. Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod. De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije. gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
nl.verhalenbank.23501
De nuddel der't froeger it deakleed mei naeid woarde, kom mei yn 'e kiste, ek it skearmes en de sjippe en de doek, dêr't it lyk mei wosken wie. As de man goudene rinkjes yn 'e earen droech, kommen dy ek mei yn 'e kiste. As men de tried ôfbieten, dan foelen de tosken fan de naeister út. Foar pine yn 'e mûle woarde wol in spiker út in deakiste brûkt.
nl.verhalenbank.23017
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
0