Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
167 datasets found
Dutch Keywords: naaien
Kleissen: en nô speciaal van den streuper, nen echtn streuper, wel ok de jacht wa har had, den wat döt per slot van rekn, wie zet dat of met gaas en doe goat ze met mekaar an ’t jaagn, an ’t jaagn en wat is ’t geval, mer doar ha’j ’n groot hek, zoas de leu, dat vrower hadn met plaankn d’ran en wat döt he doar verdomd de patroonn döt he los en doar zit...
nl.verhalenbank.128483
Op snein mat men noait hwat naeije, hwant krijt men op jins stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin men net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38488
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Jille van der Veen syn heit fan Gerkeskleaster koe net ta stjerren komme. Doe fregen guon: "Hat er ek hwat oan him, dat op snein naeid is?" "Ja," waerd der sein, "hy hat in knoop oan 't boezeroen, dy is der op snein oanset." Doe ha se dy knoop der ôf snien, en hy stoar samar.
nl.verhalenbank.23687
Hie ien op syn stjerbêd hwat oan dat men op snein naeid hie dan koe dyselde soms net stjerre. Dan die men der in knipke yn. Dan gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.25553
Koe der ien net stjerre dan siet it him der faek yn, dat er hwat oan hie, dat op snein naeid wie.
nl.verhalenbank.25786
In Bergeijk liep vroeger een weg naar de lage Berkt. Naar men vroeger beweerde, en sommige ouden van dagen beweren het nu nog, zat daar 's nachts altijd een heel klein vrouwtje van maar enkele centimeters hoog, tegen een heg geleund. Ze had altijd twee strengen garen om haar hals. Toch zei ze steeds: 'Ik zou naaien als ik garen had.'
nl.verhalenbank.49847
Ien dy't op stjerren leit mat noait hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan kin er net stjerre. Dan matte se de klean earst dwarstroch snije.
nl.verhalenbank.25143
Guon kinne net stjerre as se op 't stjerbêd lizze. Dan mat men har knippen yn 'e klean dwaen, sizze se, hwant miskien ha se hwat oan dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.24275
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarden de nuddels dêr't it hinnekleed mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien. As de naeister de tried ôfbiten hie, dêr't se 't hinnekleed mei naeide, dan foelen har alle tosken út.
nl.verhalenbank.19484
Ien fan sawn soannen wie in wjerwolf. As in wjerwolf jin kriget, makket er jin dea, seinen se froeger tsjin ús. Men mat der noait rûzje mei krije, sei in muoike yn 'e Westerein, dan pakke se jo. Myn wiif hat in kammeraetske hawn, dy naeide altyd by oare minsken. Dy hie forkearing mei in feint. Op in kear wie er by har, doe frege er har om har bûsdoek. Hja...
nl.verhalenbank.24049
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Doe't skoanheit syn suster noch in famke wie, siet dy bot yn 't lijen. Hja gûlde altyd. Doe wienen der guon, dy seinen: Dat bern kin wolris bitsjoend wêze. Mar dêr woe beppe neat fan leauwe. Der kom faek in naeister by harren, dy't deis foar har naeide. Op in kear, doe't it bern wer bot raesde makken se de jouns it kessen iepen, dêr't it bern de holle op...
nl.verhalenbank.32951
Der wie in boer yn Twizelerheide, dy hie in baerch, dy krige biggen. Mar dy baerch, dy wie sa lulk, dat it wie net fortroud dat er by de biggen wie. Dan biet er se allegear dea. Doe helle de boer der in man by. Dy aeide de baerch even oer de kop. Doe wie 't goed. Twa nachten hat dy man der by wekke. Der wie neat mear mei de baerch to dwaen. Dy man wenne...
nl.verhalenbank.35958
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
Myn frou wenne yn Twizelerheide. Sy moest omke sizze tsjin Stammerige Harm. Op in kear, doe kom se mei har suster en in stik of hwat kammeraedtskes fan 'e naeiforiening. 't Wie by jountiid. 't Wie midden yn 'e simmer. Doe woarde dêr mei snieballen smiten. Dy smiet ien oer de dyk hinne en sy kommen yn 't wetter del. Dat wie gjin goed spul. It wie de duvel,...
nl.verhalenbank.22954
Ik kaem wol to naeijen by in sekere Grytsje. Har man skuonmakke wol. Hja hienen twillinkjes hawn en dy wienen stoarn. Mar doe hie se dy twillinkjes wer bigeard. Op in nacht kommen se beide by har bêd. Mar doe woarde se sa aeklich, dat sy sei: "O God, dit bigear ik noait wer. Dit kin 'k noait wer sjen."
nl.verhalenbank.19450
Dy't bierklean foar de deade makket, mat de tried mei de skjirre ôfknippe. Hy mat de tried noait ôfbite, hwant dan rotsje de tosken út.
nl.verhalenbank.25144
As lju op it stjerbêd klean oan ha, dy't stellen binne, dan kinne se net stjerre. Dy klean matte earst útdien wurde. Ek as se klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne kinne se net stjerre.
nl.verhalenbank.21478
35