Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
41 datasets found
Dutch Keywords: moord Place of Narration: Drachten
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.27519
Bloedplakken, troch in moard ûntstien kinne net wer útwiske wurde.
nl.verhalenbank.37939
Adrianus Biesterveld hat oan 'e Dwarsfeart to Drachten wenne. Dêr wienen se allegear bang foar, hwant hy koe samar ien formoardzje om hwat jild. Op in kear, doe wie er krekt út 'e gefangenis wei. Doe siet er yn 't 'Grauwe Peerd' to Drachten. Dat wie in herberch. Doe kom dêr in reizger, dy moest nei 't Hearrenfean ta. Hy hie in koffer by him. Hy woe in man...
nl.verhalenbank.25050
Myn omke Piter wie skearsliper. Hy is formoarde op it Wyldpaed ûnder Twizelerheide. Us heit hat deselde nachts dat dat gebeurde de hiele moard sjoen, wylst er op bêd lei. Hy tochte: dy persoan ken ik. Mar hy krige noait syn gesicht to sjen. Hy gong der ôf en wie hiel bot fan 'e wize. It tongere en wjerljochte, wylst it gebeurde. Om 4 ûre hinne bikom it...
nl.verhalenbank.16840
Biesterveld hat ûnder mear in skuonmakker Rein Geales (van der Meulen?) formoarde by de Slingerswei op Teade-hoekje ûnder Boarnburgum. Dêr hat er fjirtsjin jier foar sitten. Sûnt dy tiid spoeke it op Teade-hoekje. Der wie in liet fan, mei de folgjende rigels der yn: Er kwamen weer een twintigtal getuigen, die eveneens hun stem verheften tegen hem. Maar...
nl.verhalenbank.25051
Markus Dalstra, byneamd Dolle, hat us in moart dien. Dêr hat er lang foar sitten. It wie in widdou, dy't er formoarde hat. Hy hat har gouden earizer, dat er stellen hie yn 'e Heuchfeansterwyk op 'e Boelensloane smiten by de Bethlehemsreed. Dêr mat nachts altyd noch in lûd komme út 'e wyk op datselde plak. Dan wurdt der 'help!' roppen.
nl.verhalenbank.23015
Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm...
nl.verhalenbank.19968
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne. Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
Oan 'e Mûzegroppewei ûnder 'e Rottefalle hat Batema yndertiid syn dochter formoarde en doe hat er himsels deamakke. It bloed komt altyd wer yn 'e flier.
nl.verhalenbank.27066
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
nl.verhalenbank.27923
Spoekerijen op 'e Muontsgroppewei Op 'e Mûsgroppewei dêr spoeke it. Dêr hat in man út 'e Rotfalle syn dochter deastutsen. It fanke wie te riden gongen. De man hie it har ferbean, se moast hushalde. It wie in widner. Doe't se doch fuortgongen wie, is er har efterneiset en op 'e Mûsgroppe hat er har deamakke. En doe letter, op dat plak, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12178
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.37017
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er. Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
To Eastemar hat men it Jan Koartslân. Dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.26133
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten. Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514
(Yn 1913 en '14 wie 'k by de terskmasine. 't Wie yn Muntsjesyl. Yn 'e pakwein fan 'e terskmasine hongen alle trettsjin foto's fan 'e froulju, dy't troch Blauwbaard foarmoarde woarn wienen. 't Wie in griis om to sjen, sokke kostlik-moaije froulju wienen it.)
nl.verhalenbank.19702
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.27765
Mei in moard kinne se it bloed net forwiderje. Dat bloed komt altyd wer op deselde plakken, dêr't it sitten hat.
nl.verhalenbank.29403
35