Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: moord boer Place of Narration: Drachten
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar. Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker. Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!" Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen. Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje." Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd iepen stiet: Froeger hat dêr in âld buorkerij stien, it slot is der letter kom. Doe't dy buorkerij der noch stie, ha in boer en in feint in freesliken rúzje krigen. Sy stienen as liuwen tsjin elkoar oer, by de daem, de feint mei 't mes iepen, de boer mei de bile. Doe hat de boer de feint mei de bile deahoud. Doe hat er...
nl.verhalenbank.19379
Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm...
nl.verhalenbank.19968
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne. Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
35