Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: moord bloed Place of Narration: Drachten
Der hat froeger in wrede koaning west, dat wie Herodes. Dy hie in leger, dat wie altyd oan 't moardzjen. Dat wie God slim tsjin 't sin. "Ik sil jim sjen litte, dat ik der ek noch bin, ik sil in teken jaen", sei er. Doe liet er it bloed fan 'e ûnskuldigen falle op 'e beantsjes. Sûnt sitte der op dy beantsjes altyd swarte plakken.
nl.verhalenbank.27019
Der binne guon, dy binne kûgelfrij. Ik haw in feint kend, dy skeaten se dwars troch 't lichum hinne. Der kom net in drip bloed út. Hy is noait opereard of hwat ek. Dy wie kûgelfrij. Frijmitselers binne èk kûgelfrij, sizze se. De frijmitselers fûstkje mei twa fingers. Sy geane achterstefoar yn 't gebou, dêr't se forgaderingen yn hâlde. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.26128
Bloedplakken, dy't der komme by in moartgefal, kin men noait wer útwiskje.
nl.verhalenbank.24000
Mei in moard kinne se it bloed net forwiderje. Dat bloed komt altyd wer op deselde plakken, dêr't it sitten hat.
nl.verhalenbank.29403
35