Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: middernacht Place of Narration: Harkema
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Yn 'e Boelensloane stie in lyts húske, dêr hat letter Machyl Bouwer yn wenne. Eartiids wenne dêr in earme skuonmakker yn. Dy skuonmakker hie syn wurktafel tsjin 'e muorre oan stean en oan 'e oare kant fan dy muorre, bûtendoar, dêr wie in put. As de skuonmakker mei de hammer op 'e soalen fan 'e skuon sloech, dan wjerkeatste dat lûd altyd yn 'e put. Nei dy...
nl.verhalenbank.25555
Der wie in feint yn 'e Harkema, dy kom by de faem. It wie sahwat tolwe ûre, doe kuijeren se togearre. Doe seagen se twa famkes dy't elkoar yn 'e earm hienen. Se wienen sprekend gelyk yn 'e klean. Se roannen foar it pearke op. "Hwat matte dy hjir?", sei de feint. "Wy gean se nei." De beide famkes roannen oan in daem ta. Dêr gongen se samar ta de groun yn....
nl.verhalenbank.17450
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dêr wie 't net plús mei. Presys om tolve ûre gong dy hekke altyd iepen. 't Wie de homeije fan Bennema-state.
nl.verhalenbank.25526
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
nl.verhalenbank.33418
In keardel fan 'e Harkema dy wie oan 't murdejeijen. 't Wie saterdeijoune en net letter as tolve ûre. 't Wie oan 'e Singel. Doe tocht er: Hea, dêr brânt noch ljocht. 't Kom út in húske wei en doe't er goed taseach, tocht er: Hea, dêr steane bûten guon foar de glêzen. Dat binne lju dy't harkje. Ik sil har de warheit us sizze. Hwant dy lju ha dêr neat...
nl.verhalenbank.16875
Ien dy't in wikseldaelder ha wol, dy mat in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mat er trije kear mei om 't tsjerkhôf hinne rinne tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht en dan mat er oan ien tried wei achter elkoar roppe: "Ik haw in swarte kat yn 'e sek!" De trêdde kear mat jy der net om hinne rinne. Dogge jo dat, dan is dat jou dea. Dêrom doart noait ien dat to...
nl.verhalenbank.28718
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Ik kom us fan 'e Hamsterheide by Ruerd van der Veen wei. It wie tolwe ûre yn 'e nacht. Dêr seach ik in pelysje mei in flambou mei sluijer. Hy gong yn 'e rounte. Doe kom de moanne der troch. Der wie gjin pelysje mear to sjen, nòch in flambou. Hwer't dy bleaun binne, hat my altyd in riedsel west.
nl.verhalenbank.17470
Alle Tet, dat wie swarte Piter syn mem. Hja wenne op 'e Bulten en wie in tsjoenster. Us heit woe dat net oan. Mar doe kom er ris op in nacht thús om in ûre of tolve. Hy wie mei hynder en wein. Doe seach er dêr hwat by de hoeke fan 'e dyk. It wie krekt in hoopke fodden. Hy tocht: dêr wol 'k mear fan wite. Ho! sei er tsjin 't hynder. Doe wie dat de holle...
nl.verhalenbank.32949
Tusken Tije en Janke en Bram Spinder roan nachts tusken tolven en ienen altyd in pleachbeest. 't Wie in grouwe, swarte houn, sa 't it like. De âlden doarsten dêr net lâns by nacht.
nl.verhalenbank.22224
35