Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: midden Place of Narration: Houtigehage
In omke fan my fortelde my, hy wie us in kear by de faem wei kom op in nacht. De Trije Roede wie doe noch in sânpaed. Hy hie midden op 'e wei roan. Doe wied er ynienen fan 'e wei ôfsmiten woarn en yn 'e berm torjochte kom. De skuon hienen him fan 'e fuotten west. It mat in lykstaesje west ha, dy't der doe passearde.
nl.verhalenbank.19587
Myn broer Wessel en ik wienen op in nacht oan 't murdejeijen. De Trije Roede wie doe noch sânwei. Dêr wie bosk oan. Dêr hâldden wy doe ta. Ynienen pakte Wessel my by 't skouder. Ik roan midden op 'e wei. Dat die 'k altyd, mei opset sin. Hwant der kin us ien fan 'e sydkant komme dy't jin ûnforwacht in mep jaen wol. Mar Wessel pakte my by de nekke en smiet...
nl.verhalenbank.21629
Mem sei altyd tsjin ús: Jouns oan 'e kant fan 'e wei rinne. Noait yn 'e midden! Fanwege lykstaesjes wie dat.
nl.verhalenbank.25881
By joun mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant mear as ien kom it oer dat er oan kant set woarde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.37704
Skoanmem sei: "By joun matte jimme noait midden op 'e wei rinne." Hja wie sels al ris fan 'e wei ôfset en doe wie se yn 'e sleat tolânne kom. Doe hie der in lykstaesje passeard, dy't se net sjoen hie.
nl.verhalenbank.29413
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre. Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
Men mat nachts noait midden op in reed rinne. En dat die hy àl, hy roan midden yn 't weinspoar. Dat wie krekt forkeard. It wie eins syn eigen skuld.
nl.verhalenbank.25603
35