Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: mesthoop Place of Narration: Harkema
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn) Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
nl.verhalenbank.33419
Ik kom us op in joun let thús. 't Wie ljochtmoannewaer en wy hienen achter hûs in skerngat. Yn dat skerngat wie alles yn biweging en it rattele dat it hwat die. Hwat dat west hat, haw ik noait bigrepen hawn, mar ik wyt wol dat ik deabinaud wie.
nl.verhalenbank.25904
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op 't Bomkleaster. Dêr wienen se oan 't dongladen. Hearke en nòch ien. Doe hienen se in hiel dik foer op 'e wein. De twa hynders, dy't foar de wein spand wienen, koenen de dong net út it skerngat weiskuorre, de wein wie to swier laden. Doe sei Hearke: "De hynders matte der mar even foar wei." Dat wie gebeurd en doe...
nl.verhalenbank.34525
35