Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: mensen voorloop Place of Narration: Drachten
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait. Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
Yn Eastemar stienen guon by 't wetter. Doe hearden se in lûd. Der woarde sein: De tijd is verschenen, de man is er niet. Even letter rekke der ien yn 't wetter dy't forsûpte. 't Wie yn 'e tiid fan 'e donkere hjerst.
nl.verhalenbank.23480
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
nl.verhalenbank.23627
Mem fortelde ús, yn Drachtster Kompenije soe ris in skip komme. Se wennen oan ien fan 'e binnenwiken. 't Wie sahwat 8 à 9 ûre de jouns, doe hearden se dat de barte, dy't oer de wyk lei, ôfsmiten waerd. Se gongen der út om to sjen, mar dêr wie net in skip to bikennen en de barte lei gewoan oer de dwarswyk. In skoft letter hearden se itselde lûd wer en doe...
nl.verhalenbank.32310
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik. Dy...
nl.verhalenbank.37913
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Ik ha in dochter forlern, dy tsjinne yn Ljouwert. Dy is dêr forsûpt. Op in joun kaem se thús, hjir by ús yn 'e Harkema. Dat wie sahwat in fjirtsjin dagen foardat se stoar. De oare moarns sei se: "Mem, 't wie hjir fannacht sa drok yn 'e hûs. 't Wienen allegear minsken." Ik tocht fuort oan foartjirmerij en sei: "Dû hiest sjen matten." Sy sei: "Ik ha sjoen,...
nl.verhalenbank.25463
By ús op 'e Noarder Dwarsfeart gebeurde it wol dat wy dúdlik ien oankommen hearden, wer letter gong de klink fan 'e doar. As wy der hinne gongen om to sjen hwa't der wie, wie der net ien by de doar. Mar in skoftsje letter kom dyselde wol degelik. Dan hearden wy de selde fuotstappen en dan gong de klink fan 'e doar. Dat wie dan de foarboade west.
nl.verhalenbank.19677
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën. De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
35