Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: meisje markt
Imke en Durk fan Imke Imke de Jong stie op Drachtster merke en hy feroare syn dochter yn in blom. Dat koe er op ferskillende manieren dwaan. De iene keur die er it hiel stadich. Dan wie it ûnder al de stâle fan in blom, mar boppe wie it noch de holle fan it fanke. De oare kear feroare er har yn ien klap. Us heit stie der by mei Sikke van Dekken. 'Oh, wat...
nl.verhalenbank.13022
Der wienen in feint en in faem, dy kommen togearre op Gerdykster merke. De feint krige dêr rúzje mei it jongfolk. Sy woenen net lije dat hy mei dy faem gong. It fanke sei tsjin him: "Lit ús nou mar fuort gean." Hwant sy hie in hekel oan rúzje. Mar de feint sei: "Ik bin net bang foar de hele Gerdyk en foar de duvel der by net. Dy keart my likemin." Op 't...
nl.verhalenbank.27424
Us heit hat as feint us nei Ljouwerter merke ta west, en dear hat er foar de swarte spegel stien. Allerearst seach er in faem, dy hie roetswart hier. Dat is letter syn wiif woarn. Doe seach er in greate kiste. Dat wie syn eigen deakiste. Doe seach er trije bernekisten achter elkoar. Dat is ek útkom, heit en mem ha de earste trije bern forlern. En doe...
nl.verhalenbank.15632
In skoftsje letter bin 'k nei Hinke ta west mei 't fanke, dêr't ik doe hwat gedoente mei hie. It wie ûngeregelde forkearing, 't gong sa'n bytsje fan 'e hak op 'e tak. Hinke sei tsjin har: "Nou bistû hjir èk. Dû mienste datstû him krijste, mar né, hy krijt in fanke hjir fandinne súd en west." Dat is ek gebeurd. 't Kom krekt út. De jouns wie 't sa tûk. Wy...
nl.verhalenbank.23806
't Gebeurde yn 'e Houtigehage. Akke woe graech nei de merke ta op 't Surhústerfean. Mar sy hie hast gjin klean. Sy seach der sa sutrich út, dat sy sei: "Ik kin sa noait nei de merke ta." Doe hie dêr in fremde man west (Wie 't Imke de Jong?). Dy hie sein: "Gean mar hinne. Dû silst de moaiste fan 'e merke wêze." Doe't se op 'e merke kom, seinen se allegear:...
nl.verhalenbank.25859
Myn wiif hie us nei de merke ta west. Hja wie doe noch faem. Hja mocht der net hinne, mar hja hie it stikem dien. Yn 'e nacht kom se werom. Sy gong by de Swâdde lâns en moest oer in barte. Doe wie der in hiele greate swarte houn by har kaem en dy hie mar by har lâns roan. Hy roan deun tsjin har oan. Dat wie har straf. Hja waerd sa bang, dat sy is by in...
nl.verhalenbank.19540
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
nl.verhalenbank.33764
Op 'e merken wienen froeger tintsjes, dêr woarde jin de kaert lein en as dat dien wie koe men yn 'e swarte spegel sjen. Jy krigen dan hwat moais to sjen - rykdom of in moaije faem - òf in kiste. Dat lêste bitsjutte, dat der dan in deaden yn 'e hûs kom.
nl.verhalenbank.25729
It wie merke yn in doarp. Der wie in faem, dy sei de moarns: "Nou wol 'k joun in feint ha, al sil it de duvel ek wêze." Hja gong dy jouns nei 't dounsjen ta, mar se krige net in feint. Sûnder feint gong se ta de dounsseal út. Hja wie op wei nei hûs ta. Underweis, by 't tsjerkhôf, dêr stie de duvel op 'e wei. Hy hie hiele greate gleone egen, sa kaem er har...
nl.verhalenbank.38342
Der wenne yn Readskuorre in fanke, dat koe pine stilje. Sy hie de magneet yn 'e hannen. Op in kear hie de boer trije hoklingen by harren yn 't lân en dy rekken alle trije yn 'e feart. Hy koe se der mei gjin mooglikheit wer útkrije. Doe gong er nei de pleats, dêr't it fanke wenne, en frege har mem of de manlju ek thús wienen. Dat wie 't gefal net, mar de...
nl.verhalenbank.15510
Knjillis Praamstra fan 'e Harkema wie us in kear op Drachtstermerke. Doe seinen se tsjin him: "Ast wite wolste mei hwa st' trouwe silste, dan kinst har to sjen krije." Doe gong er in tinte yn. Dêr wie in swarte spegel yn. Doe seach er dêr in frommes yn dy spegel. 't Wie in donker frommes, dêr is er ek mei troud. Ik ha har wol kend. As der gjin faem yn 'e...
nl.verhalenbank.17713
Froulju gongen froeger wol foar de swarte spwegel stean op 'e merk yn in tinte. As se de kiste krigen to sjen, dan soenen se net trouwe. Meastal krigen se it portret fan 'e takomstige man der foar en sy waerden ek gewaer hoefolle bern se ha soenen. De froulju seinen der in spreukje by op, dat sa bigong: Laat mij de man eens zien (dêr't se mei trouwe...
nl.verhalenbank.19306
35