Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: man hek
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje." Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by. "Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt." Mar...
nl.verhalenbank.22912
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Wessel Gal wie bang foar syn eigen skaed. Hy sei tsjin âlde Klaes Laanstra, de marsjesee,: "Bistû noait bang?" "Né", sei Klaes. "Doarstû dan nei de hekken ta gean yn Hurdegaryp en dy ticht dwaen yn 't tsjuster?" "Jawol", sei Klaes. "Mar doe't it der op oankom doarst er net. Sy ha dy hekken wol mei kettings en slotten fêstmakke, mar om tolwe ûre yn 'e...
nl.verhalenbank.25320
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Piter Alma fan 'e Harkema gong nachts faek to murdzjen. Hy gong de lânnen del en kom by in fuotpaedtsje. Dêr stie in hekke. Dêr moest er oer. Mar de houn doarst net. Dy hie de sturt tusken de poaten. Hy wie bang. Doe seach Piter dat der in neaken berntsje oansweven kom. It bliuwt foar de hekke stilstean en it sjocht Piter oan. "Leave, stean 'k op dyn...
nl.verhalenbank.23014
Dêr't nou de grifformearde tsjerke yn 'e Rotfalle stiet, wie froeger sânreed. Dêr hat in hekke stien. Sy hienen Piter Claus forteld dat dêr wolris in man by dy hekke stie. Dy man wie al lang overleden. Piter sei: "Dan woe ik dy man wolris sjen en mei him prate." Doe kom er op in joun út 'e kerkeraadsforgadering. En doe wìe dat mantsje dêr. En dy wie in...
nl.verhalenbank.25923
Alde Jyld Veenstra wie stille plysje. Op in nacht kom er lâns in hekke. Doe seach er dêr âlde Diuwke oer de hekke hinne stean. Dy wie al in jier of hwat dea. In pear dagen letter frege ús mem him: "Ik haw heard, dat jo Diuwke sjoen ha. Is dat sa?" "Né," sei er, "Diuwke is dea. Mar ik ha it geraemte fan Diuwke sjoen mei in doek der omhinne. Dat hong oer de...
nl.verhalenbank.21066
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
It gebeurde yn 'e buert fan Warffum, Uthuzen. Myn skoanheit wie in jonkje fan 8 jier, doe binne syn beide âlden allebeide overleden. Hy hie noch twa broerkes, dy wienen hwat âlder. Sûnt swerfde myn skoanheit as jonkje mei syn beide bruorren oeral om. Hja sliepten bûten yn 't fjild yn in groppe, soms yn in klobke hea, dan wer yn in hok, hwer't se mar plak...
nl.verhalenbank.38343
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
10