Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: man plaagbeest Place of Narration: Opende
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Der is al us in pleachbeest by my lâns strutsen. 't Hie hurd, stuch hier en 't wie donker. It striek ûnder myn hân troch. Ik wurd der nòch kâld fan as ik der oan tink. It kom by in âld man út 'e hûs wei. Ik gong der krekt út en hie de doar noch beet, dêr wie 't. En ik hie 't yn 'e hûs noait sjoen. It wie flak njonken my. Mar dy man hie him wol faker...
nl.verhalenbank.25712
By âlde Sipke Albert yn 'e Grinzer Pein lei ek altyd jouns in pleachbeest foar hûs. 't Wie in great ding, dik en rûch en swart mei in pear greate gleone egen yn 'e kop. Sipke Albert wie koopman en wenne allinnich. Hy hie wol sinten.
nl.verhalenbank.25713
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
Myn man hat in kear in pleachbeest troffen. Dat wie op in nacht. Hy roan rjochtút op Trimunt oan. Hy roan op it fytspaed, doe kom der in swart ding njonken him. It hie fjouwer poaten en 't wie great en swart. It roan op it weinpaed njonken it fytspaed, mar dan alhiel op 'e kant, flak by Ouwe (har man). Myn man sei "Goeie navend", mar it sei neat werom....
nl.verhalenbank.23467
Jan Heidsma wie op in kear by 't Spoekeloantsje by Drachtster Kompenije. Doe wie dêr in houn by him kom. 't Wie in dikke swarte houn en dy is twa kampslingten - sa'n njoggenhûndert meter - mei him op roan. It spoeke dêr altyd. (Jan wie de broer fan Keimpe)
nl.verhalenbank.25985
35