Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: man drie Place of Narration: Opende
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Yn 'e Körnhörn woonde Jan Oldenburger. Die had doar in caféeke. Olle Douwe ruskesnider sat doar 's oavends faek te floeken en te swearen. Dan had hij 't hoogste woord. "Ik bin niet bang as komt de duvel ook by my!" riep hij. En dan sette hy 't mes in 'e tafel. Doe ging hy op in kear noar huus uut 'e kroech fandoan. Doe sag hy doar wat lign onderweg. "Wat...
nl.verhalenbank.26011
Myn man syn pake wie in hiele rûge keardel en hy wie bot oan 'e drank. Hy wenne yn Lúxwâlde. Op in joun doe kom er út 'e kroech. Doe hied er hiel bot flokt. Underweis woarde er tije kearen oer de sleat smiten: twa kearen hinne en in kear werom.
nl.verhalenbank.23143
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Doe't Imke de stêd forliet, ha se him op trije plakken tagelyk troch de poarten útgean sjoen.
nl.verhalenbank.24168
Alde Hindrik Pikelhearring koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ja, hwat koed er net! Hy wenne yn de Pein. Hy roan mei sinaesappels by de streek lâns en sa kom er ek us in kear by ús. Mar wy hienen 't tige krap en sinaesappels mochten ús net barre. Mem sei tsjin him: "Kom der mar yn, dan krije jo in bakje kofje. Mar ik kin neat fan jo keapje."...
nl.verhalenbank.21110
Wy wienen mei ús trijen as manlju. Wy hienen ús jachtgewearen by ús. 't Wie op 'e Haule, tichte by Waskemeer. 't Wie moai ljochtmoanneskyn-waer. Wy wachten op knyntsjes om dy to snappen. Tichteby stienen in pear dikke sânbulten. Ien fan ús trijen hie gjin gewear. Dy sei: "Sjoch ris, sa'n fremd ding." Der sweefde hwat fan 'e iene bult op 'e oare. 't Wie in...
nl.verhalenbank.25968
Us heit Jan Bijma en Janom en noch in omke: Keimpe Heidsma hienen yn 'e Parken yn 'e kroech to kaertspyljen west. Sy wienen op stap wer nei hûs ta. Keimpe-om hie hiel bot flokt en dien. Op in stuit koe Keimpe-om net fierder. Hy bleau stokstiif stean en koe net in foet forsette. Heit en Janom gongen troch. (Keimpe en Jan wienen bruorren fan mem)
nl.verhalenbank.25984
35