Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
159 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Opende
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek. Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud. Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Greate Jasper Veenstra wie hwat in rûch man. Op in snein hied er to kaertspyljen west. Doe't er wer op hûs oan soe waerd er ûnderweis op 'e Bethlehemsreed (Boelensloane) samar in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38019
Myn man syn heit en twa omkes binne ris op in joun fuort west. Ien fan 'e omkes dat wie Keimpe Hansma. Hja kamen op it Spûkeloantsje by de Boelensloane. Doe't se dêr oan ta wienen woarde Keimpe Hansma samar optild en yn 'e sleat goaid. En der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.38018
Rixt, de dochter fan Sterke Hearke wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in feint, mar dat rekke út. Dy feint bidroech har. Letter trof se him ris wer yn in herberch, doe wie der dounsjen. Doe dounsen se togearre. Doe sei Rixt tsjin him: "'k Bin sa mâl mei dy." En doe knypte se him tagelyk de earm stikken.
nl.verhalenbank.38010
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38008
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
Der wie in jonge, dy farde altyd op sé. Hy kom hjir wei en op in kear wie er wer yn Grinzer Pein. Hy hie in nij guozzeroer kocht en doe sei er us tsjin my: "Jo binne koopman, net?" "Ja," sei 'k, "ik bin koopman." "Soenen jo dan ek witte hwer't ik myn wylde einen kwyt kin? Ik ha juster fiif en tritich sketten mei ien skot." Ik sei: "Dan kinstû dy dikke...
nl.verhalenbank.28191
Boersma fan Niekerk dy wie chauffeur op in auto yn Londen. Op in kear wie 't dêr sa mistich west, fortelde er, dat doe hie der in man foar op 'e auto sitten mei in angelstok yn 'e hân en mei de angelstok hied er hyltyd mar field en taest nei auto's dy't der oankommen. Sa mistich hie 't west. De chauffeur hie neat sjen kind.
nl.verhalenbank.28190
Jan Hepkes wie ris by in boer oan 't meanen. Doe hearde hy ynienen: klink. Doe hied er de kop fan 't harspit ôfmeand.
nl.verhalenbank.28187
Sterke Hearke mat ek o sa sterk west ha, mar dêr wyt ik gjin forhael fan.
nl.verhalenbank.27997
Der hat in plysje wenne yn De Pein Súd, dy hiet fan Berga. It wie in reus fan in keardel en hy wie ôfgryslike sterk. Op in kear doe wie der in feestje op it Súd, doe wienen der in stik of hwat jonge bazen, dy wienen oerhearrich en brochten de boel yn ûnstjûr. Berga warskôge dy mannen, mar sy joegen gjin omsizzen, it joech neat. Sy sieten meiïnoar yn 'e...
nl.verhalenbank.27996
Yn 'e Pein wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie Douwe Stavasius. As der ien slim siik wie gong men wol nei him ta. Dan fregen se him of er ek hwat sjoen hie. Dan kommen se to witen as de dea neiby wie of net. Hwant hy liet altyd wol hwat út. Sei er: "Gean mar rêstich nei hûs", dan bitsjutte dat [dat] der foarlopich gjin gefaer wie en hy neat...
nl.verhalenbank.27993
Oan 'e Mûzegroppewei by de Langewyk ûnder Rottefalle hat in sekere Batema syn dochter formoarde. It bloed koenen se net út 'e muorre krije. Doe't se der letter in nij sket yn setten, kom 't bloed dêr wer yn.
Wolter Fekje fan 'e Harkema wie stoarn. Tominsten dat mienden se. Mar hy wie skyndea. Hy lei al yn 'e kiste en sy soenen him de jouns bidrinke. Doe sei er ynienen, út 'e kiste wei: "Jow my ek mar in buorrel."
nl.verhalenbank.27880
Doe't alle minsken in namme krigen, siet der in man op 'e souder, dy wie dêr oan 't wurk. Dy woarde ûngeduldich. Hy stuts syn holle ta 't souder-finsterke út en rôp: "Krij ik ek noch in namme?" De nammejower seach nei omheech en rôp om't er allinne mar in kop seach: Ja - kop!" Sa mat de namme Jakob ûntstien wêze.
nl.verhalenbank.27610
Der wie in man, dy wie oan 't houtkappen. Doe skeat him de bile út 'e stok wei. Dy bile rekke krekt in aep en dêr is de frou út ûntstien. (niet volledig)
nl.verhalenbank.27609
0