Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Twa man fan 'e Boelensloane hienen mei de karre mei hinnen nei Ljouwert ta west. Dy hinnen hienen se op 'e merk to jilde makke - 't wie op in freed - en se hienen der wer smoar foar kocht. Dat kochten se op 'e merk. De oare deis - saterdei - soenen se it togearre útsutelje.
Doe't de beiden ûnderweis wienen fornommen se dat der hwat oan komme moest, hwant...
nl.verhalenbank.29383
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Ynse wie us in kear op 'e merke yn Drachten. Dêr stie ek in krachtmeter. Ynse bleau der by stean. Hy sei tsjin 'e man fan 'e slajut: "Hoefolle ringen ha jo dêrfan?"
Earst sloech Ynse fyftsjin ringen de loft yn.
Doe sei er: "Set alles der mar op."
Doe die Ynse in pear slaggen, dy't net bot oankommen.
Doe sei er: "Dit wurdt de klap fan Ynse fan Bakkefean,...
nl.verhalenbank.26110
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke.
Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Thomas en Klare hienen nei Eastemarre merke ta west, mei de hounekarre mei guod. Werom reizgen se oer de Mûzegroppewei en de Langewyk.
Underweis hipte der in kat by har op 'e karre. Thomas soe dy kat der ôf wippe, mar doe koe syn pols net fierder, 't wie krekt as woarde de hân him stiif.
"Gean wei, Satan", sei er.
Doe woarde er yn 'e wâl smiten.
nl.verhalenbank.23482
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe.
Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Greate Ynse wie ris yn Drachten op 'e merke. Dêr sloech er mei ien slach de krachtmeter yn grús.
"Kollossael," sei de man fan 'e krachtmeter, "hwer komt dy slach wei?"
"Fan Bakkefean", sei Ynse deabidaerd.
nl.verhalenbank.27521
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Sterke Ynse fan Bakkefean kom op Drachtster Merke. Dêr sloech er mei oare maten op 'e slajut. Mar doe hied er mei ien klap alles kapotslein. Doe hie de man fan 'e slajut sein:
"Och God, hwer komt dy klap wei?"
"Fan Bakkefean", hie Ynse sein.
Ynse mat hannen hawn ha as slaeijen.
nl.verhalenbank.28246