Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
51 datasets found
Dutch Keywords: man uitkomen
Sa'n fiif en fyftich jier lyn hat myn pake Ruerd Helbich de tram fan Drachten fan to foaren riden sjoen. Der brânden jouns ljochtsjes, dy rieden krekt as de tram. Ridlik gau dêrnei wie de tram der. Pake wenne doe yn 'e Parken (Grinzer Pein).
nl.verhalenbank.25221
Alde Douwe wie in boerke, dy wenne yn Kollumersweach. Tidens de oarloch fan '14 op '18 sei er: "As dit ôfroan is, krije wy yn '40 noch in hiele slimme oarloch." It mantsje koe lêze noch skriuwe. "In stêd yn it suden fan ús lân," sei er, "kriget der hiel bot fan. Ik bileef it net," sei er tsjin myn man syn broer, "mar jimme sille 't noch wol bilibje. De...
nl.verhalenbank.24467
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op. Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen. Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen. "Hast al plak?" frege se my. Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt." Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Ik ha wol us nei lytse Kjille west, de wiersizter fan 'e Gerdyk. 't Kom allegear út hwat se sei. "Krijst aenst in houn", sei se. "Dy byt dy fjouwer piken dea." 't Wie ek sa. "Wolst ek wol wer in frou ha," sei se, "mar dû krigest noait ien wer. Der binne oars fjouwer op dy forleafd." "Trije", sei 'k. "Ja," sei se, "mar de fjirde komt fan 'e wike." 't Wie...
nl.verhalenbank.24113
Yn Trynwâlden wenne in man dy liet âlde roeken ta de hurddobbe útkomme. Hy lies dêrby yn in toverboek. As er itselde weromlies gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.30173
Op in kear gong heit nei Ljouwerter merke ta. Dêr stie in tinte, dêr wie in swarte spegel yn. Heit gong der foar stean om syn takomstige frou to sjen. Heit wie doe noch feint. Doe kaem der in frou foar mei tolve bern. Even letter wie der wèr in frou mei in keppel bern foar. Heit soe dus twakear trouwe en dat is èk gebeurd. Heit krige by syn earste frou...
nl.verhalenbank.22114
Der wenne in âld man op 'e Sânbulten, dat wie Bontsje Keke. Dy hat in min leven hawn. Dy moest ek alles fan tofoaren sjen en dan koed er net op bêd bliuwe. Dan mòest er der út. Op in nacht seach er dat syn soan dea yn in apelbeam hong. Dy hie himsels ophong. Keke seach it wylst er op bêd lei. De oare deis moest Keke der op út. De jouns kaem er thús. Doe...
nl.verhalenbank.29733
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Ik wenne yn Drachten en ik soe nei myn omke ta yn Nij Beets. Dat wie in âld man. De nachts fan tofoaren droomde ik, dat ik krige in lekke bân tusken Beets en Boarnburgum. Ik wie op 'e fyts. Ik seach it allegear klear foar my. De oare deis stapte ik op 'e fyts. En wrachtich wier, op itselde plak tusken Beets en Boarnburgum, dat ik yn 'e droom sjoen hie,...
nl.verhalenbank.29486
Op zift draaien Een man uit Strijp ging eens buurten bij een kennis in Woensel. Toen hij 's avonds naar huis ging en al meer dan twee uur had rondgelopen, kwam hij weer bij zijn kennissen in Woensel aan.
nl.verhalenbank.49563
Mien voar kun verschaiden lu dei kwaod zain konnen. Dat wazzen nait altied olle mensn heur. Zo was dr n vent dei teegn zien oal heer zee: Ik zai ain grafgroaver op t kerkhof mit n rode hemdrok aan. Zien voader zee: Bist gek jong, moakst die zulf wat wies. Moar t kwam wel uut heur. Op n oavend heurt deizulfde jong – zai zitn biemekoar in huus – ain woagn...
nl.verhalenbank.43700
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
As in faem de hoasbannen krúst foar 't bêd leit, dan komt har takomstige man foar 't bêd to stean. Dan kin hja sjen mei hwa't hja trout. In nicht fan my fan 'e Sânbulten hat it dien. It is krekt sa útkom.
nl.verhalenbank.36013
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane soe us in kear nei Noord-Jerneel (de tsjerke). Dêr soenen lichtbeelden fortoand wurde. Syn skoanâlden wienen by him. Doe't se sahwat oan 't kafé fan Bouke Pultrum ta wienen, doe sei er: "Jimme matte oan 'e kant en even wachtsje." Sy gongen oan kant en bleauwen stean. "Ha jo hwat sjoen?" fregen se. "Ja," sei er, "der...
nl.verhalenbank.22933
Pake hat twa kear troud west. Syn twade wiif gong ris in kear nei de merk ta. Doe wie se noch net troud en sy koe pake noch net. Doe kom se yn in tintsje, dêr siet in wiersizter yn. Dat wiif fortelde har, hja soe trouwe mei in lange greate, bleke man. Dat is krekt sa útkom. It minske lies it út beppe har hân.
nl.verhalenbank.37898
Myn man hie in suster dy hie in jonkje, dat hiet fan Bokke. Dy wie nei myn man neamd. It bern wie sa soun as in fisk. Hy wie fjouwer jier, doe droomde ik op in nacht. Wylst ik op bêd lei seach ik in hiele bigraffenis. It wie Bokke dy't stoarn wie. Ik seach de kiste, de krânse, de skoalbern, de skoalmaster, alles seach ik. 't Wie yn 'e neinacht, yn...
nl.verhalenbank.27862
Mei Maeije soe in boer fan 'e plaets en in oaren der op. Hiltsje Hamstra fan Aldegea sei: "Der komt in boer op to wenjen mei in wyt hynder. Ik ha 't foar de ploege sjoen." En sa gebeurde it ek. Der kom letter in boer, in sekere Rinse Martens de Vries to wenjen mei in wyt hynder. (Hiltsje hie 't fan tofoaren al sjoen.)
nl.verhalenbank.32466
't Gebeurde èk op in nacht, doe seach er syn dochter dea lizzen yn 'e dobbe. Dy hie harsels forsûpt. 't Kaem krektsa út. In pear dagen letter wie 't doe gebeurde 't echt. Doe foun er har yn 'e dobbe.
nl.verhalenbank.29734
35