Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
130 datasets found
Dutch Keywords: man terugweg
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Pyt Felkers wennet yn Koartsweagen. Hy siet ris in kear yn 'e trein mei in stik of trije oaren. Hy wie wakker oan 't swetsen en opskeppen en flokken dat er die! Hy sei: "Ik wol de duvel joun ûntmoete!" Yn Akkrum stapte er út 'e trein. Dêr moest er de polder yn - Doe't er op 'e rykswei kom seach er dêr in swart ding. Hy moest doe noch in ein rinne. Oan 'e...
nl.verhalenbank.27621
Beppe fortelde: Myn susterke wie as bern al us in kear bitsjoend. Doe gong heit nei Hinse Jehannes de Boer ta. 't Wie jountiid. Hy joech drank mei. Heit sei tsjin him: "Ik leau net dat jo dêr hwat oan dwaen kinne." Mar dat hied er net sizze matten. Hinse Jehannes sei: "Jo matte goed oppasse, dat jo mei de drank thúskomme. Der kinne ûnderweis miskien...
nl.verhalenbank.23645
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
nl.verhalenbank.28089
Twa man fan 'e Boelensloane hienen mei de karre mei hinnen nei Ljouwert ta west. Dy hinnen hienen se op 'e merk to jilde makke - 't wie op in freed - en se hienen der wer smoar foar kocht. Dat kochten se op 'e merk. De oare deis - saterdei - soenen se it togearre útsutelje. Doe't de beiden ûnderweis wienen fornommen se dat der hwat oan komme moest, hwant...
nl.verhalenbank.29383
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us: In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen. Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him. Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op." De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe. Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech. Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
Sytse Jager fan 'e Harkema wie op in joun by in keppeltsje jongfolk. Hy hie hwat drank hawn. Doe moest er út 'e broek. Hy gong achter de dyk sitten, doe woarde er samar opnom en oer de dyk hinne smiten. Sytse wie in rûch man. De oaren trouwens ek. Piter Loas wie ek by it keppeltsje.
nl.verhalenbank.29427
Op in kear kom ik by de faem wei. Doe't ik by hûs wie yn 'e nacht, roan der in grouwe, wite geit op 'e reed om. Ik tocht earst: dat is ús geit, en ik prebearre him to krijen. Mar dat woe my net slagje. Wol in kertierlang wie ik dêr mei dwaende, mar dàn sprong de geit wer oan dizze kant fan 'e dyk, dàn wer oan 'e oare kant. Op 't lêst joech ik it oer. Ik...
nl.verhalenbank.21331
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
Der wenne ien yn Feanwâldsterwâl, dat wie in hiele rarenien. Dy joech nergens hwat om. Om 'e duvel net iens. Hy spile in bulte op 'e harmoanika yn 'e herberch op Feanwâldsterwâl. Op in kear, doe spile er de hiele joun: 'Wat kan de duivel spelen! Wat kan de duivel dansen!' De nachts forliet er de herberch. Doe soed er nei hûs ta. Mar ûnderweis woarde er...
nl.verhalenbank.21125
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke frege of pake wol hurd rinne koe. "Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan." Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Egbert Hoekstra fan 'e Boelensloane kom us op in joun fan Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs de bocht om gong, de kant nei Boelensloane út, roan der hwat by him; dan wie 't wer achter him, dan wer njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie, mar it doogde net. Hy woarde bang. It swit briek him fan alle kanten út. Op 't lêst sette er sokken. Alhiel achter...
nl.verhalenbank.27597
Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er. Hy sei tsjin har:...
nl.verhalenbank.21051
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Yn Surhuzum wennen froeger in stik of hwat manlju die sieten wol gauris yn 'e kroech. It wienen guon, dy joegen nergens om. Op in joun sieten se wer by IJe Hulshof yn 'e kroech. Doe seinen se: "Sille wy hjir meiïnoar it Heilig Avondmael ris hâlde?" Ien lêsde it avondmaelsformulier foar en dielde bôlle en wyn út. Mar sy binne raer thúskom. Ien fan dy...
nl.verhalenbank.23860
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud. Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
nl.verhalenbank.19524
Ik wenne yn Twizelerheide. Ik hie dobbele mei dobbelstiennen. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht, doe't ik út 'e herberch kom. Ik roan by in graft lâns. Doe woarde ik ynienen samar yn 'e graft set. It wie de duvel dy't my dat lapte.
nl.verhalenbank.27780
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
35