Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Dutch Keywords: man sterke
Myn pake - mem har heit - wie Albert Hattums v.d. Berg. Dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie froeger polderjonge en leike faek. Dat is wurk dat der op oan komt. Doe kom der ris in jong baeske by him, dy hie heard, dat pake sterk wie, en hy sei, hy woe wolris mei pake wrakselje hwant hij wie èk sterk. Doe sei er: "Dan wol 'k mei in oanloopke." Op dy manier woe...
nl.verhalenbank.38448
’t Was bekend geworre da hier èrs ’n bar sterke kjel wonde. Op zekere dag kwam ’r ’s ’n menheer, die mos nor die stèrke man toe. Mar hé’j wis ’m nie te wonne. Toetie ’n poos gelope had, zag ie ’n boereknech, die on ’t bouwe[ploegen] was. De heer vroeg ’m, woar de sterke man wonde. De boereknech nam de ploeg bé’j start en beurde die mette pèrd en al umhoog...
nl.verhalenbank.50441
't Wie yn 'e tiid fan 'e rúzjes tusken Skieringers en Fetkeapers. Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der guon by him, dat wienen fijannen. Dy koenen him net, mar se woenen graech witte hwer't er wenne. Doe tilde Pier de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe waerden dy mannen sa bang foar sa'n sterke keardel, dat hja...
nl.verhalenbank.30175
Sterke Harmen, út it forhael fan it sûkerskip, Harmen Munniksma sa 't der folút hjitte, foer mei twa broers, hast like sterk en great as hy, op in skip, dat skulpen fan 'e sûgers helle. De Makkumers neamden it it reuzenskip. Sa fortelde my in famyljelid fan him, in de Haan út Makkum, hy koe sawn fjirder (in fjirder is plm 70 poun) ierpels tille, to witten...
nl.verhalenbank.50534
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy wie ris oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him. Dy frege him of er wiste hwer't Hearke wenne. Hearke hie de ploege krigen en dy rjochtút stutsen en doe hied er sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38449
Hearke moest ris in kear foar de boer in bolle ôfleverje; dy moest nei de boat op 'e Tille. Hearke hie de bolle oan 't tou en ús heit, doe noch in jonge, moest de bolle oandriuwe. Sy koenen achterhûs it skeanpaedtsje del en dat dienen se ek. Sy wienen krekt oer de wei op 't lân of dêr ûntkomt de bolle him. De boer sei: "Hearke, dat hast der om dien. Dû...
nl.verhalenbank.28886
Yn Twizelerheide wenne in hiele sterke keardel. Dat wie in sekere Veenstra. Dy luts samar in weide hea allinne fuort.
nl.verhalenbank.38088
Hy wenne yn Houtigehage, mar wie arbeider by de boer to Greategast. De boer forlear in hokling. Dat wie dearekke. Pake woe 't o sa graech ha foar it fleis. Op in platte kroade mei in ramt der op leinen se doe it hokling. Dat hat er doe hielendal fan Greategast nei Houtigehage takroade. De skuon dy't er oan hie, dêr sieten gjin soallen mear ûnder, dy...
nl.verhalenbank.17352
Doe ik noch in saek hie, hie ik in timmerfeint yn tsjinst út Woarkum, dy Johan Kemker hjitte. Dy Kemker hie in man kend yn Woarkum, dy hjitte sterke Gelf. Woarkum lei oan sé en oan de sédyk wie haeilån. Nou barde it ris, dat twa hynders in weide hea net by de steile oprit fan de dyk op krije koene. Sterke Gelf sei:“Span de hynders mar út” en luts de wein...
nl.verhalenbank.50541
Ik haw ek in pake hawn dy't seldsume sterk wie. Hy wenne op 'e Houtigehage en 't kaem by harren o sa krap om. Op it Kattegat ûnder 'e Rottefalle hie pake in healsuster wenjen. Dy neamden se Manne-Auk omdat it minske keardelswurk die. Hja mjukse en kroade en al sa mear. Pake frege har: "Hast ek hwat jirpels foar my?" It mocht har wol aerdich barre, dat sy...
nl.verhalenbank.17351
Sterke Hearke wie sa sterk, dat er samar in ploege foar him út stiek.
nl.verhalenbank.38204
Halbe Scheper wie in boer, dy wenne by de Folgersterloane. Dy wie ôfgryslike sterk. In hokling fan him wie út it lân wei bruid. Hy pakte it hokling by de sturt. Doe koe 't net fuortkomme.
nl.verhalenbank.17350
Alde Foppe van der Ploeg syn heit fan Koatstermoune fortelde, Hearke hie ris in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.38638
Hjir hat in hiele sterke keardel wenne, dat wie Japik Broersma. Yn Feanwâlden wenne in greate plysje, dat wie Douwe de Jong. Hwannear't it Feanwâldster merke wie froeger, dan gong it der bot oan wei. De herberch siet fol Westereinders, Broeksters en Feanwâldsterwâlsters en dan gong 't raer, dat siz ik jo. Dan wie de kastlein der mei forlegen. Dan waerd...
nl.verhalenbank.37867
Der wie in man, dy hie in foer hea. Dêr wie er mei ûnderweis. Hy hie in kedde foar de wein. Soms koe dy kedde 't net lûke. Dan die er it sels. Dy man wie Fokke Veenstra. Hy wenne yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.38347
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Sterke Hearke mat leau 'k yn Eastemar wenne ha. Hy fuormanne mei in âld kedtsje, dat wie net safolle mear wurdich. Hy sei soms tsjin 't kedtsje: fuort -, mar dan koe 't âld dier it net dwaen. Dan gong hy njonken de kedde stean en luts sels oan 't tiksel mei. Dan gong it wol. Sà sterk wie dy keardel. Sa'n wein siet fol dong of der siet in foer hea op.
nl.verhalenbank.38133
Spook in de ruine D'r is nog 'n schon verhaol van 'n heul sterreke man, die van d'n duvel nog niet bang waor. Die gong in 'n ruine in 't bos waor 't spokte. Da ha'n ze gezien, daor zaat 'ne miens in. Snaags kwaam 'r ok inne. Da zou echt geburt zèn, waor wit ik niet. Hij gong 'r binne en doch och spoke bestaon nie, mar hij hurde toch gerammel van kettinge....
nl.verhalenbank.41551
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Der kom in fremde man by him, dy woe graech wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde Hearke de ploech op en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.38509
Fokke hie in stikje heidegroun, dêr roan in paedtsje trochhinne. De tagong ta dat paedtsje wie mei in pear peallen ôfsket. Der kamen twa manlju oan, dy wienen beide oansketten. Dy gongen dêr lâns. Se dienen de peallen foar de yngong fan it paedtsje wei en dienen se der net wer foar. Fokke sei: "Ho, mannen, dy peallen matte der wer foar." Mar se dienen it...
nl.verhalenbank.38336
35