Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: man roepen Place of Narration: Drachten
It wie in wûndere âld-keardel. Hy spile mei de duvel ûnder ien huodtsje. Hy hie in forboun mei de duvel. Hy hie gâns in tún. Dy wie wol sahwat hûndert roede great. Dêr hied er sparje yn. Dy sparje moest sleept wurde. 't Is wier gebeurd, hwat ik nou fortel, ik siet der sels by. In eintsje fan him ôf wenne in keardel, dy hie him biloofd, hy soe de sparje...
nl.verhalenbank.24937
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Der wie in skipper dy farde oer de feart. Hy kom oan 'e brêge ta. Hy die de mêst fan 't skip del, doe koe hy der ûnder troch farre. Doe stie der ien op 'e brêge, dy sei tsjin 'e skipper: "Dach heit!" "Ja," sei de skipper, "dû mast al tsjin my sizze fan heit, mar dû bist dêrom myn soan net. ('t Wie syn dochter)
nl.verhalenbank.25704
Op Foanejacht, tusken Garyp en Warten lei in aekje. Dêr wenne in fisker yn mei syn dochter. Op in joun wie de fisker net thús, de dochter hâldde allinne yn 'e aek ta. Doe hearde se fan 'e oare kant ien roppen. Dy woe noch oerset wurde. Hja gong nei bûten ta om dyselde to heljen. 't Wie mistich waer. Hja seach allinne mar de boppekant fan in man. Doe't se...
nl.verhalenbank.36778
Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem. "Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft...
nl.verhalenbank.19617
35