Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: man kar Place of Narration: Drachten
Twa man fan 'e Boelensloane hienen mei de karre mei hinnen nei Ljouwert ta west. Dy hinnen hienen se op 'e merk to jilde makke - 't wie op in freed - en se hienen der wer smoar foar kocht. Dat kochten se op 'e merk. De oare deis - saterdei - soenen se it togearre útsutelje. Doe't de beiden ûnderweis wienen fornommen se dat der hwat oan komme moest, hwant...
nl.verhalenbank.29383
Thomas en Klare hienen nei Eastemarre merke ta west, mei de hounekarre mei guod. Werom reizgen se oer de Mûzegroppewei en de Langewyk. Underweis hipte der in kat by har op 'e karre. Thomas soe dy kat der ôf wippe, mar doe koe syn pols net fierder, 't wie krekt as woarde de hân him stiif. "Gean wei, Satan", sei er. Doe woarde er yn 'e wâl smiten.
nl.verhalenbank.23482
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Sterke Hearke wenne yn Bakkefean. Hy wie sa sterk, dat as se oan 't dongriden wienen, dan luts er sels earst de wein ta it dongsté út en dan kom 't hynder der foar.
nl.verhalenbank.33769
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean. Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein. Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
nl.verhalenbank.33771
In man hat my ris forteld. Ik ha us in kear mei ien riden, dat wie in maet fan 'e duvel. 't Wie yn 'e nacht. Wy wienen midden op in greate sânwei. Ik wie binaud. Dêr ynienen bigongen de hynders to stegerjen. Sy woenen net in stap mear foarút. "Hâld mar even de touwen beet," sei de man tsjin my, "hwant ik mat der út." 't Wie op 'e rûmte en yn 't holst fan...
nl.verhalenbank.25572
Der wienen us trije man oan 't houtladen yn Bakkefean. Der wie in kolossale swiere beam by, dy koenen se net op 'e wein krije. "Dit is bilachelik," seinen se, "dit rêdde wy net op." Doe kom sterke Ynse der oan. Dy sei: "Ik doch de jas út, ik sil jimme wol even helpe, mannen." Doe hienen se dy grouwe beam samar op 'e wein. Doe gongen dy trije man yn 't...
nl.verhalenbank.26109
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35