Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: man haarspit
Jan Hepkes handele yn hûden. Hy biwearde, hy hie ris in kear yn Surhústerfean de kop fan 't harspit ôfmeand. Dêr fornom er neat fan. Hy meande der like goed om troch en de seine mankearde neat oan.
nl.verhalenbank.29430
Sterke Hearke wie ûnbidige sterk. Hy meande mei syn seine dwars troch de harspitten hinne. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.38059
Jan Hepkes koe ûntsettende bêst meane, nei't er sei. Doe hied er oan 't meanen west yn 't Bil, tusken 't Wytfean en de Rotfalle. Doe kom er by in plakje, doe tocht er: Hwat stiet my dêr in protte gjers. Dêr hat grif fleden jier ien sitten te broekesearen (= zijn behoefte doen; uit de broek, een mij onbekende uitdrukking). Hy soe 't der ôfmeane, mar doe...
nl.verhalenbank.33096
Jan Hepkes fortelde: "Ik gong nei 't bûtlân ta om to meanen. Ik tochte: ik mat der mar in moai hoekje ôf meane. Ik meande mar ta. Op it lêst kom ik by de wâl, en dêr heakke it hwat, ja net in bytsje, mar goed ek, mar ik skuorde troch. Op 't lêst tocht ik: Ik mat ek mar ris harje - Hwant de seine woarde stomper. Ik nei de wâl ta en sykje om myn harspit....
nl.verhalenbank.27591
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen 'Alde Piter Durks hat it my ferteld. Doe wie ik mei him oan 't binen en dan hie er ek fan dy rare spoekferhalen. Hy hie it oer in keardel, dy hie oan 't meanen west yn'e blaugêrzen, op 'e Stûkon (tusken Garyp en Warten). Hy hie it oan Piter sels ferteld. Ik kin tsjin'e duvel wol meane, hie dy keardel op in kear sein. Doe...
nl.verhalenbank.13680
Jan Hepkes koe ek omraek meane. En net ien koe better harje as hy. Hy hie de seine altyd flymskerp. Op in kear wied er oan 't meanen, doe wie 't ynienen 'pyng'. Jan meande troch. Werom meande er 't selde swé del. Doe't er by 't plak kom, dêr't er 'pyng' heard hie, seach er dat er dêr de kop fan 't harspit ôfmeand hie. Dat hie dat lûd west. Mar de seine...
nl.verhalenbank.29440
Op in kear siet Jan Hepkes fan Surhústerfean by de skearbaes. Sy praetten oer meanen. "Meane," sei Jan, "hwat prate jimme fan meanen. Jo matte goed harje kinne, dan kinne jo meane. Ik wie de moarns bigoun to meanen, doe hie ik del west, doe moest ik strike. Dat wie my hwat to gau. Ik tocht: 'Ha 'k dy seine net to goed harre?' Trochdat ik goed strike koe,...
nl.verhalenbank.29284
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen 'Der wie in man, Kees hjitte er, dy stie te meanen yn 'e blaugêrzen en hy wist, dat er allinne wie. Mar hy seach om—en ferdikke, dêr stie noch ien te meanen. Dy meande ôfgryslike fûl op him ta. Hy tocht, wat wolsto einlik? Dat hy sette it harspit yn 'e gron. Dy oare wie der oan ta, en dat wie izer op izer, en . . . de...
nl.verhalenbank.13681
Jan Hepkes fan Surhústerfean gong achter Ljouwert to meanen. Doe't it karwei dien wie, harre er syn seine en sette wer ôf nei hûs ta, mar hy forgeat it harspit út 'e groun to heljen. 't Oare jier kom er wèr by dy boer. Hy tocht net mear oan 't âlde harspit. Dat siet noch op 't selde plak. Hy bigong to meanen. Doe sloech er mei de seine de kop fan it...
nl.verhalenbank.26147
Jan Hepkes wie ris by in boer oan 't meanen. Doe hearde hy ynienen: klink. Doe hied er de kop fan 't harspit ôfmeand.
nl.verhalenbank.28187
Jan Hepkes fan 't Surhústerfean wie yn 't bûtlân to meanen. Hy meande doe wylst er de sek noch om 'e seine hinne sitten hie. En sa meande er ek noch de kop fan 't harspit ôf, dat yn 'e groun stie. Sa'n bêste seine hied er en sa goed koed er meane!
nl.verhalenbank.28255
Op in kear sei Douwe Mûs tsjin 't wiif: "Ik mat noch hwat gjers meane foar myn trije beesten." Hy der út en oan 't meanen. Doe tocht er: "Hwat giet dit swier mei de seine." Doe sjen en sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne. Doe die er de sek der ôf en sei: "Nou sil 'k fuort ek mar harje." Doe't er harre hie, bigong er...
nl.verhalenbank.24723
Jan Hepkes dy gong to meanen. Hy hie al in skoft oan 't meanen west doe fornom er dat er de fuorring noch om 'e seine sitten hie. Hy die de fuorring fan 'e seine ôf. Doe tocht er by himsels, nou wol 'k mei-iens ek even harje. Hy sette 't harspit yn 'e groun en bigong wer to meanen. Doe tocht er: dêr komt in knik yn 'e seine. Doe hied er de kop fan 't...
nl.verhalenbank.23886
Jan Hepkes sette by 't simmer de marse wolris oan kant. Op in kear soed er oan 't meanen. Doe't er op it biwuste stik lân kom, tocht er: "hwat is my dàt dêr ûnder it gjers. Krekt as wurdt dêr praet." Doe wienen dat de wjirms, dy't tsjin elkoar seinen: "Jonges, yn 'e groun, hwant Jan Hepkes sil dit stik lân meane!" sa djip meande er! Jan bigong to meanen....
nl.verhalenbank.26097
Hy hat ek us in kear de kop fan 't harspit ôfmeand. Hy hie 't noait fornom. Ûnder 't meanen soed er harje. Hy soe 't harspit krije en doe seach er dat de kop der ôfslein wie mei de seine.
nl.verhalenbank.23461
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932
De Witte Wive van Lochem In de diepte van een kuil, even-gaans van Lochem, dichtbij de Koerbelt, waren eens drie witte wiven, die zusteren geleken in leelijkheid, met ontvleesde armen, en lange, grijze, dunne haren. De oogen lagen diep, en de tanden kwamen uit als bij een geraamte. De oudste was de meesteres van alle witte wiven in den omtrek, tot de...
nl.verhalenbank.41784
35